Undersyk start nei útstjitfrij treinferfier op Noardlike spoarlinen
De provinsjes Fryslân en Grinslân, ProRail en it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat starte in mienskiplik ûndersyk nei de bêste oplossing foar útstjitfrij treinferfier op de Noardlike regionale spoarlinen. De útkomsten binne nedich om yn it neijier fan 2026 in definitive kar te meitsjen foar duorsum treinferfier yn Noard-Nederlân.
De Noardlike regionale spoarlinen hawwe mei-inoar in lingte fan likernôch 250 kilometer en binne net elektrifisearre. Op dit stuit ride hjir diseltreinen. Yn de Klimaatwet is fêstlein dat it spoarferfier yn Nederlân uterlik yn 2050 klimaatneutraal wêze moat.
Yn desimber 2035 begjint de nije regionale treinkonsesje foar de Noardlike linen. Dat is in logysk momint om de oerstap te meitsjen nei folslein útstjitfrij treinferfier. In grut part fan de hjoeddeistige diseltreinen hat dan de ein fan de technyske libbensdoer berikt. Ryk en regio hawwe dêrom ôfpraat om yn it neijier fan 2026 in definitive kar te meitsjen oer de takomstige oandriuwing fan de reizgerstreinen op dizze linen.
Kânsrike oplossingen
Ut eardere ferkenningen docht bliken dat batterij-elektryske en elektryske treinen, yn kombinaasje mei parsjele of folsleine elektrifikaasje fan trajekten, kânsrike oplossingen binne. Yn it nije ûndersyk wurkje de belutsen partijen fjouwer senario’s út. Dêrby wurdt sjoen nei kombinaasjes fan elektrysk en batterij-elektrysk materieel en de gebrûklike spanningssystemen yn Nederlân: 1500 volt en 25.000 volt. De senario’s wurde beoardiele op gefolgen foar ynfrastruktuer, materieel, útfiering, kosten en takomstbestindigens. Dizze ynformaasje foarmet de basis foar in soarchfâldige en doelmjittige kar.
Mienskiplike ambysje
“De trein is in ûnmisbere skeakel yn it iepenbier ferfier yn Fryslân. We wolle it spoarferfier ferduorsumje op in wize dy't past by ús regionale linen en reizgers,” seit Matthijs de Vries, deputearre fan de provinsje Fryslân. Erik Jan Bennema, deputearre fan Grinslân: “Samen met het Rijk en ProRail onderzoeken we welke oplossing het meest toekomstbestendig is. Zo werken we stap voor stap aan een schoon en betrouwbaar spoor in Noord-Nederland.”
Ek ProRail beklammet it belang fan gearwurking. “De overgang naar emissievrij spoorvervoer vraagt om slimme keuzes in materieel en infrastructuur. Door dit gezamenlijk te onderzoeken, kunnen we bepalen wat het beste werkt voor de treindiensten op deze lijnen én houden we het spoorvervoer betaalbaar,” seit Danou Veenhof, regiodirekteur Noord-Oost fan ProRail.