Underhâld brêge Dronryp

Provinsje Fryslân fiert fan jannewaris oant en mei maart 2027 ûnderhâld út oan de brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp. Wy werstelle in skansearre ûnderdiel fan de brêge en pakke it tikjende lûd oan. Under de wurksumheden is de brêge ôfsletten foar trochgeand autoferkear. Fytsers, scooters en fuotgongers kinne de brêge brûken bliuwe.

Wêrom binne de wurksumheden nedich? 

Yn in ynspeksje yn de simmer fan 2024 is in skuor ûntdutsen yn ien fan de draaipunten fan de brêge. Yn desimber 2024 is in tydlike reparaasje útfierd, sadat de brêge brûkt wurde koe. 

No werstelle wy de brêge definityf. Ek pakke we it tikjende lûd oan. Sa soargje wy derfoar dat de brêge feilich brûkt wurde kin en ferlytse wy de kâns op in ûnferwachte, langduorjende ôfsluting.

Wat sille we dwaan? 

Wy reparearje it skansearre draaipunt fan de brêge en fiere wurksumheden út om it tikkende lûd te ferhelpen. Under de wurksumheden kin de brêge net betsjinne wurde. Dêrom jilde der tydlike beheiningen foar it weiferkear en de skipfeart.

Wannear binne de wurksumheden? 

It wurk stiet pland fan jannewaris oant en mei maart 2027. 

  • Ofsluting foar autoferkear: fan 7 jannewaris oant en mei 25 maart 2027. 
  • Beheining foar de skipfeart: fan 11 jannewaris 2027 om 07.00 oere oant en mei 25 maart 2027 om 17.00 oere. 

De neamde data binne ûnder foarbehâld. As de planning feroaret, pleatse wy nije ynformaasje op dizze side.

Wat fernimme jo fan it wurk? 

Weiferkear 

Under de wurksumheden is de brêge ôfsletten foar trochgeand autoferkear. Fytsers, scooters en fuotgongers kinne de brêge brûken bliuwe. Foar it oare ferkear jildt in omliedingsrûte. Dizze wurdt oanjûn mei giele buorden. Hâld rekken mei ekstra reistiid.

Een overzichtskaart met daarop aangegeven: de rechter lus de werkzaamheden en de linker lus de omleiding.

Skipfeart 

Under de wurksumheden wurdt de brêge net betsjinne. Dêrtroch jildt der in hichtebeheining foar skippen dy't ûnder de brêge trochfarre wolle. De skipfeart moat gebrûk meitsje fan de súdlike trochfeart. Dit is nedich om hinderlike weachslach foar te kommen. Skippen dy't net ûnder de brêge troch kinne, moatte omfarre. Dat kin fia de rûte Prinses Margrietkanaal - Iselmar - Waadsee - Harns en oarsom. 

Omwenners

By de wurksumheden kinne jo lûdsoerlêst ûnderfine. Somtiden wurdt der ek yn it wykein wurke. Wy besykje de wurksumheden sa gau as mooglik út te fieren en de hinder safolle mooglik te beheinen.

Aktuele ynformaasje en omliedingen 

Wy fiere it werstel fan de brêge yn Dronryp tagelyk út mei it ûnderhâld fan de Frisiabrêge. Sa beheine we de hinder foar de skipfeart safolle mooglik. De kommende jierren wurket Provinsje Fryslân ek op oare plakken lâns it Van Harinxmakanaal. Mear ynformaasje fine jo op Wurksumheden Van Harinxmakanaal | Fryslan.