Tweintich gadingmakkers foar boargemasterspost Weststellingwerf
20 persoanen ha sollisitearre nei it boargemastersamt fan de gemeente Weststelingwerf. It giet om fjirtjin manlju en seis froulju. Ien kandidaat is jonger as tweintich jier, twa binne tusken de tritich en fjirtich jier, fjouwer tusken de fjirtich en fyftich jier, tsien tusken de fyftich en sechstich jier en trije binne boppe de sechstich jier. As de proseduere neffens plan ferrint sil de nije Kroanbeneamde boargemaster begjin desimber ynstallearre wurde.
Fan de sollisitanten binne fjouwer lid fan de VVD, trije fan it CDA en twa fan D66. Fiif binne respektyflik lid van PRO, ChristenUnie, SP, Volt of in lokale partij. Seis minsken binne net lid fan in politike partij.
Weststellingwerf hat op it stuit in waarnimmend boargemaster. Stieneke van der Graaf folge op 7 maaie ferline jier André van de Nadort op dy’t as waarnimmer yn Waadhoeke oan de slach gien wie neidat Marga Waanders om har sûnens stoppe wie.
Kommissaris fan de Kening Brok hat mei de fertrouwenskommisje fan Weststellingwerf de sollisitanten besprutsen. De kommisje hat alle brieven sjoen. Yn goed oerlis is mienskiplik in seleksje makke. De kommisje praat de kommende tiid mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenteried mei in konsept-oanbefelling.
De ried beslút úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean en yn hokker folchoarder. De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes folget yn har foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamt dêrnei de nije boargemaster per Keninklik Beslút.