Tuskenevaluaasje Inisjatyffoarstel

Oer de resultaten fan it Inisjatyffoarstel fan Provinsjale Steaten mei de titel “ Naar een schone en gezonde leefomgeving; afbouw gebruik van pesticiden in Fryslân 2021 -2030 ” is in tuskenevaluaasje makke. Ek stean der opsjes yn foar in ferfolch.

Jo fine it brief oan Provinsjale Steaten, de Tuskenevaluaasje en taheakke hjirûnder yn de downloads. 

Fansels is it oan Provinsjale Steaten om te kiezen oft dit projekt in ferfolch krijt en sa ja hokker finansiering dêrby heart. 

Provinsjale Steaten sille dit agindearje nei de simmer fan 2025.