Trynwâlden hat eigen doarpsauto Trynsferfier
De Trynwâlden hat der in nije foarsjenning by: Trynsferfier. Op in feestlik momint op freed 8 maaie droech deputearre Matthijs de Vries offisjeel de doarpsauto oer oan de frijwilligers fan it inisjatyf.
Mei Trynsferfier krije ynwenners fan de Trynwâlden in leechdrompelige ferfiersmooglikheid nei wichtige foarsjenningen yn de regio. De doarpsauto rydt ûnder mear nei hûsdokter, toskedokter, winkels en stasjon Hurdegaryp. Ynwenners wurde thús ophelle en foar in lyts bedrach ferfierd binnen it gebiet fan de Trynwâlden. It inisjatyf ûntstie neidat dúdlik waard dat earder maatskiplik ferfier yn de regio ferdwine soe. Frijwilligers út de Trynwâlden namen dêrop it inisjatyf foar in nije oplossing, stipe troch stichting Trynwâlderein.
Deputearre Matthijs de Vries neamt it inisjatyf in moai foarbyld fanút de mienskip: “Dit is net samar in auto, mar in doarpsauto. In inisjatyf fan en foar de mienskip. It lit sjen hoe't ynwenners mei-inoar soargje dat minsken mobyl bliuwe en meidwaan kinne.”
Ta stân kommen doarpsauto Trynwâlden
De doarpsauto is mooglik makke troch gearwurking tusken frijwilligers, stichting Trynwâlderein, Qbuzz en provinsje Fryslân. Qbuzz fasilitearret de auto en de provinsje stipet it projekt finansjeel fanút Fryslân Underweis. De kommende perioade wurde de lêste tariedingen troffen en sjauffeurs ynwurke. De offisjele startdatum fan de ritten wurdt ynkoarten bekend makke.