Trein stopt wer by stasjon It Hearrenfean IIsstadion ûnder reedrydwykeinen
In heale iuw lyn, op 1 juny 1975, waard op It Hearrenfean in ekstra, reguliere treinstop ynboud troch NS. Dizze treintop wie op'e hichte fan Thialf, it iisstadion fan It Hearrenfean. It stasjon krige dan ek de namme Heerenveen IJsstadion. Mar twa jier nei iepening waard de halte yn 1977 alwer sletten. Reden: te min reizgers.
Sûnt dy tiid waard it stasjon net mear brûkt foar reguliere stops, mar allinnich by bepaalde eveneminten yn Thialf. Sûnt 2015 stoppet de trein hielendal net mear by dizze halte. Dit hie njonken in weromrinnend tal reizgers ek te krijen mei tanimmende kosten. Fan dat stuit ôf waard de Thialf Express yn it libben roppen, in bustsjinst dy't spesjaal foar reedrydeveneminten tusken stasjon Hearrenfean en Thialf ried.
Piekmominten
No is de provinsje Fryslân yn gearwurking mei it Ryk, de gemeente Hearrenfean, NS, ProRail, Thialf en KNSB / House of Sports in ûndersyk start nei hoe't it spoar better oanslute kin op pykmominten rûnom grutte sporteveneminten. En hokker rol kin maatwurk yn de tsjinstregeling spylje? Dêrfoar is in pilot úteinset. Want de bêste wize om te ûndersykjen hoe't je in treinferbining brûke kinne op pykmominten, is in stasjon as It Hearrenfean IIsstadion wer iepenstelle ûnder dy pykmominten.
De twa grutte, diels ynternasjonale, reedrydeveneminten dy't noch yn Thialf pland steane dit jier - it Daikin NK Allround & Sprint fan 28 febrewaris oant en mei 1 maart en it ISU WK Allround en Sprint fan 5 oant en mei 8 maart - foarmje dêr in útsochte kâns foar.
Sifers op in rychje
Efkes in pear sifers op in rychje: Thialf hat in kapasiteit fan sa'n 10.000 besikers, by reedrydeveneminten is it stadion hast altyd útferkocht. Jierliks ûntfangt Thialf mear as 625.000 minsken. De ferfierskeuzeferhâlding is dat sa'n 91 persint fan de besikers fan reedrydwedstriden mei de auto komt, 6 prosint mei it iepenbier ferfier en 3 persint mei de fyts. De parkear - en ferkearskapasiteit om Thialf hinne sjitte dêrmei tekoart, wat by eveneminten liedt ta klachten fan omwenners en flinke ferkearsopstoppingen.
Kom mei de trein
De sifers stave it ûndersyk én it idee, om by wize fan proef stasjon It Hearrenfean IIsstadion wer te iepenjen. It momint ûnderstreket boppedat de gearwurking tusken it Ryk, de provinsje Fryslân, de gemeente Hearrenfean, NS, ProRail, Thialf en KNSB / House of Sports. Dêrneist is it in útnûging oan álle besikers fan it Daikin NK Allround & Sprint en/of it ISU WK allround en Sprint om ek foaral mei de trein nei It Hearrenfean te kommen. Dan bist lekker ‘flot te plak’. Sjoch op Met de trein naar Heerenveen Thialf | NS