Tiny Mulderpriis 2026 foar Rymke Zijlstra

De nije Tiny Mulderpriis wurdt dit jier takend oan Rymke Zijlstra foar har boek It geheim fan Gurja. De priis bestiet út €4.000,- en in oarkonde. Deputearre Eke Folkerts rikt de priis op freed 30 oktober út.

It geheim fan Gurja is in spannend en spektakulêr ferhaal. Yn it rapport fan de advyskommisje skriuwe de leden Liuwe Westra, Kate Schlingemann en Lara Kool dat de oersetting fan Rymke Zijlstra “in stik ynternasjonale jongereinliteratuer oanboarret, dy’t oant no ta yn Fryslân ûnbekend wie. It spannende ferhaal wurdt tagonklik en meinimmend ferteld, en ek al is it lânskip net botte Frysk, jo krije as lêzer net it gefoel dat jo taalkundich yn it bûtenlân bedarje. Dit tsjûget fan poerbêst oersetwurk!” 

Tiny Mulderpriis

De provinsjale Tiny Mulderpriis wurdt dit jier foar it earst útrikt foar jeugd- en/of berneliteratuer dy’t oerset is nei of út it Frysk. De priis is neamd nei skriuwster, dichteres, sjoernaliste en oersetster Tiny Mulder (1921-2010), dy’t in grutte bydrage oan de Fryske literatuer én berneliteratuer levere. De nije priis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t advys krijt fan in advyskommisje. Dy kommisje hat wurk beoardiele dat ferskynd is yn de jierren 2020 oant en mei 2025.

Een portretfoto van Rymke Zijlstra
Rymke Zijlstra - Fotograaf: Natalia Balanina

Oer de winner

Rymke Zijlstra (1975) is in literêr oersetter. Sûnt 2024 wennet se yn Noarwegen. Earder sette se û.o. De bruorren Liuwehert oer fan Astrid Lindgren en Lampke fan Annet Schaap. Yn 2025 ferskynde It geheim fan Gurja dat se út it Noarsk wei oersette nei in boek fan de berneboekeskriuwster Julia Kahrs. 

Earfolle fermelding

Njonken dizze priis jout de sjuery in earfolle fermelding oan it bêste boek yn de kategory fan printe- en foarlêsboeken en dat is It bijeboek, oersetten troch Ytsje Steen.