De Tiny Mulderpriis is in priis foar de bêste literêre oersetting foar jeugd - en berneliteratuer. Dizze priis is net allinnich foar oersettings út in frjemde taal nei it Frysk ta mar ek út it Frysk wei nei in oare taal. De provinsje wol mei har literêre prizen wurdearring útsprekke foar de winner en syn / har wurk. Dêrneist wol de provinsje mear bekendheid jaan oan Fryske literatuer by de Fryske befolking. 

Proseduere en priis

Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe de Tiny Mulderpriis yn 2022 ynsteld. De earste útrikking fynt plak yn 2026. Dizze priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt. De winner krijt in bedrach fan € 4000 en in oarkonde. 

Tiny Mulder 

Tiny Mulder (1921 – 2010) wie in mearsidige Fryske skriuwster, dichteres, sjoernaliste en fertaalster. Se groeide op yn en bûten Fryslân, learde as tiener Frysk en sleat har yn de Twadde Wrâldoarloch oan by it ferset. Nei de oarloch wurke se fjirtich jier foar it Friesch Dagblad en wie se aktyf as korrespondint, resinsint en radiomakker. Har literêre wurk omfettet poëzy, romans, ferhalen, berneboeken en in soad oersettingen, wêrûnder Alice yn Wûnderlân. Har bekendste roman is Tin iis, basearre op har oarlochsûnderfinings. Mulder waard manmachtich bekroand, ûnder mear mei meardere Rely-Jorritsmaprizen en de Gysbert Japicxpriis. Se jildt as in markante en ynfloedrike stim yn de Fryske literatuer.

Een portretfoto van Tiny Mulder.

Sjoch ek: Tresoar - Tiny Mulder en Tresoar-literatuur-biografieen

Advyskommisje Tiny Mulderpriis

In advyskommisje advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de Tiny Mulderpriis. De advyskommisje fan de Tiny Mulderpriis 2026 bestiet út: 

  • Lara Kool
  • Kate Schlingemann
  • Liuwe Westra

Winner 2026

De nije Tiny Mulderpriis wurdt dit jier takend oan Rymke Zijlstra foar har boek It geheim fan Gurja.

De priis bestiet út €4.000,- en in oarkonde. Deputearre Eke Folkerts rikt de priis op freed 30 oktober út. 

Gedeputeerde Eke Folkerts staat, met het boek in de hand, naast een televisiescherm waar Rymke Zijlstra op te zien is
Deputearre Eke Folkerts fertelde persoanlik yn in fideopetear oan Rymke Zijlstra dat sy de Tiny Mulderpriis wûn hie.

Oer de winner

Rymke Zijlstra (1975) is in literêr oersetter.

Sûnt 2024 wennet se yn Noarwegen. Earder sette se û.o. De bruorren Liuwehert oer fan Astrid Lindgren en Lampke fan Annet Schaap.

Yn 2025 ferskynde It geheim fan Gurja dat se út it Noarsk wei oersette nei in boek fan de berneboekeskriuwster Julia Kahrs. 

Winners Tiny Mulderpriis

Jiertal

Priiswinner

Bydrage

2026Rymke ZijlstraOersetting fan it Noarske Boek nei it Fryske It geheim fan Gurja