Terinzagelegging ûntwerp Wijzigingsverordening Omgevingsverordening Fryslân 2022 fanwege oanpassing farweibehear en oeverbehear farwegen
Op 9 desimber 2025 hawwe Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân it ûntwerp fan de Wijzigingsverordening Omgevingsverordening Fryslân 2022 fanwege oanpassing farweibehear en oeverbehear farwegen fêststeld. Yn it ûntwerp fan dizze Wijzigingsferoardering steane de folgjende oanpassingen:
- De Súd Ie as farwei (Dokkum – Lauwersmar fia Esonstêd) wurdt taheakke oan it farwegenareaal fan de provinsje Fryslân yn de kategory Dm (vaarwegtype D: geskikt foar motorboten).

- Oanpassen farwei A 043 Geul Hearregat: Trajekt Fan Prinses Margrietkanaal ôf oant Geul Goaiïngarypster Puollen (A 042). De fargeul sil sa'n 220 meter nei it suden ferpleatst wurde. Hjirtroch kin yn de teoretyske geul de djipte garandearre wurde.

De tekst fan de offisjele kennisjouwing en it ûntwerp fan de Wizigingsferoardering kinne jo rieplachtsje fia dizze link:
It ûntwerp fan de Wijzigingsferoardering leit fan 9 febrewaris oant en mei 23 maart 2026 ta besjen. Jo kinne yn dizze tiid in sjenswize yntsjinje. Hoe? Dat lêze jo yn de kundskip en dy fine jo hjir: