Talige ferskaat fertsjinnet mear omtinken binnen it mbo-ûnderwiis

De Fryske taal ferankerje yn it mbû: it is in djipwoartele winsk fan de provinsje Fryslân, yn gearwurking mei it Ryk. Maart 2025 wie der de boppeslach foar it hbû, doe't de alderearste bysûnder lektor Fryske taal en kultuer Albert Walsweer ynformearre waard. Foar it mbo waard dat feestlike momint 16 maart lêstlyn fierd, mei de ynauguraasje fan Lysbeth Jongbloed, de alderearste practor Frysk en Meartaligens.

In practor is in ekspert binnen it mbo dy't op 'e praktyk rjochte ûndersyk docht en ynnovaasjes yn it ûnderwiis oanjaget. Yn har ynaugurele rede naam Lysbeth de oanwêzigen mei yn it belang fan Frysk en oare thústalen. “Talige ferskaat fertsjinnet mear omtinken binnen it mbû-ûnderwiis en kin boppedat better benut wurde”, pleite de practor. 

praktor Lysbeth Jongbloed met een microfoontje bij haar mond staat achter een spreektafel. Rechts staat een vaas met prachtige veldbloemen op een zwarte achtergrond.
Fotograaf: Jacob van Essen

Memmetaal

Mei it practoraat Frysk en Meartaligens moat it Frysk – as fiertaal, ynstruksjetaal of doeltaal – in struktureel plak krije yn it deistich ûnderwiis. Binnen projekten dêr't it Frysk goed past en dêr't it relevant is yn de beropspraktyk. In soad mbo'ers bliuwe wenjen en wurkjen yn Fryslân. Binnen it wurkfjild wurdt it faak as hiel noflik ûnderfûn as wurknimmers harren rêde kinne yn it Frysk. Kontakt yn de memmetaal ferrint folle natuerliker, en boppedat soarget it foar folle mear fertrouwen. 

Ferkearing 

Dêrneist groeit it tal thústalen op it mbo en yn Fryslân rap. Dêrom is ferankering yn it ûnderwiis nedich. It praktoraat - in kennisplatfoarm en ekspertize-ienheid binnen it mbo-ûnderwiis - ûndersiket de kommende jierren hoe't it Frysk en meartaligens duorsum ferankere wurde kinne binnen it mbû. Dat bart ûnder mear troch praktykrjochte ûndersyk op skoallen en yn it wurkfjild, gearwurking mei ûnderwiisteams en organisaasjes en troch it profesjonalisearjen fan dosinten op it mêd fan meartaligens en twaddetaalwinning. Ek wurdt wurke oan betsjuttende taalûnderwiis, dat oanslút by echte beropssituaasjes en de leefwrâld fan studinten. 

Trochbouwe

De ûndersyksaginda fan it praktoraat is basearre op fiif ûndersykslinen – Taal yn byld, Taalprofyl, Taalûnderwiis, Taal fan it hert en Lêswille. Dêrmei kin de kommende jierren boud wurde oan in stevige en duorsume basis foar meartalich beropsûnderwiis yn Fryslân. Lysbeth: “Mei it ûndersyk yn it ûnderwiis en wurkfjild kinne wy fierder bouwe oan in fundearre en boarge plak foar Frysk en meartaligens yn it mbû. Op in betsjuttingsfolle wize, sadat mbû-studinten harren taalbewustens en taalfeardigens ûntwikkelje kinne en útgroeie ta belutsen professionals dy’t folweardich meidwaan kinne oan de meartalige arbeidsmerk en mienskip fan Fryslân.”

It praktoraat Frysk en Meartaligens is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030, in gearwurking tusken Provinsje Fryslân en  taal- en ûnderwiisynstellings. Mear ynfo oer Taalplan Frysk 2030 is te finen op www.taalplan.frl.