Sûnder ferduorsuming kin it ferline ferlern gean
It KlimOp-projekt bea Mirjam Pragt en Nina Schilling fan Museumfederatie Fryslân de kâns om ferskate musea yn de provinsje te helpen by it ferduorsumingsproses. Omdat musea sa fan inoar ferskille wie it in yngewikkelde put mei in soad heakken en eagen. Dochs sjogge se posityf op it projekt werom en tinke dat der benammen yn de takomst noch in soad te winnen falt.
Kinne jim koart beskriuwe wat de rol fan Museumfederaasje Fryslân is en wat dy foar musea betsjutte kin?
Pragt: “Museumfederatie Fryslân is in advys - en stipeorganisaasje foar 69 musea yn de provinsje Fryslân. Wy advisearje de faak frijwillige meiwurkers op alle ûnderdielen fan it museäle wurk en wy kinne advisearje wêr'tst bygelyks in skilderij op hinget, yn hokker klimaat ast sa’n wurk it bêste bewarrest, hokker beljochting it bêste wurket, dat soarte fan saken. Mar wy binne gjin keunsthistoaryske organisaasje mei spesifike kennis fan in beskate keunstner; wy rjochtsje ús mear op de beliedskant fan in museum, dus fan edukaasje oant bedriuwsfiering. Mei’t wy in soad kennis útwikselje mei besibbe organisaasjes yn oare provinsjes kinne wy hieltyd better oan de winsken fan de musea temjitte komme.n.”
Fan KlimOp ha jim twa opdrachten krigen om musea te stypjen by de ferduorsuming. Wêr bestie jimme stipe út?
Schilling: “By it earste projekt seagen wy foar elke yndividueel museum wat der mooglik wie op it mêd fan ferduorsuming. Op it terrein fan it gebou fansels, mar ek op it terrein fan de oanwêzige kolleksjes: by in museum is it nammentlik net sa dat je der al binne as je de ferwaarming in graadsje leger sette; soks kin yngripende gefolgen hawwe foar âlde of oare kwetsbere materialen. Dus wy hawwe besocht om de ynskattingen fan de duorsumheidsadviseurs te kombinearjen mei de kennis dy't der by oaren wie fan de kolleksjes..”
En gou dat foar alle musea? Dus foar alle 69?
Schilling: “We mochten der fyftjin dwaan. Want der gouwen binnen KlimOp kritearia dy't ús begrinden: sa mocht de eigener fan in museaal pân net mear as tsien pannen yn syn besit hawwe en as it pân yn it besit fan de gemeente wie mocht dy gemeente (earst, letter is it tal ynwenners opskroefd nei 50.000, SK) net grutter as 25.000 ynwenners. Sa foelen der fuortendaliks in soad musea ôf. Soms wrong dat wol. Dan woe in museum hiel graach meidwaan, mar mocht dat dus net.”
Pragt: “Oft de eigener fan it pân hie te folle pannen yn syn besit om holpen wurde te meien. En wy hawwe der úteinlik foar keazen om fjirtjin te helpen en ien fia in spoarboekje, dus in boekje dat wer ynformaasje jout foar de musea dy't wy yn in folgjend projekt helpe kinne soene. En fia ûnder oare dat spoarboekje diele wy no de opdiene kennis mei musea út álle provinsjes. Yn diel twa fan KlimOp stiet benammen it boargjen en dielen fan de kennis dy't wy yn it earste projektdiel opdien hawwe sintraal. Dus dan kinst bygelyks tinke oan it organisearjen fan gearkomsten dêr't de musea dy't yn it earste part net oan bod kamen troch duorsumensadviseurs op'e hichte brocht wurde kinne fan de mooglikheden yn de takomst. En wêrby’t ûnderwerpen as ynvestearrings op de lange termyn of it sirkulêr meitsjen fan útstallings oan bod komme. En wy stimulearje it byinoarkommen fan musea dy’t yn ferlykbere gebouwen sitte, lykas âlde skoalgebouwen, sadat se faninoar leare kinne."
Wêrom is ferduorsuming fan musea wichtich?
Pragt: “Benammen foar it takomstbestindich meitsjen fan musea. Sûnder ferduorsuming sille in soad musea fallyt gean of sille harren kolleksjes bedrige wurde omdat de omstannichheden dêr't se yn bewarre en toand wurde net optimaal binne: tink dêrby oan in museum oan see wêrby't de sâlte lucht de kolleksje teisteret. Musea steane faak fol mei natuerlike polymearen, dus mei papieren objekten, foto’s of tekstyl. Dy binne tige kwetsber. Fanwegen spesifike klimaateasken is it simpelwei útdraaien fan de ferwaarming gjin opsje. Verduurzaming sil der foar soargje dat it ferline bewarre bliuwt en feilich steld wurdt foar de takomst.”
Hokker útdagingen en knyppunten sinjalearje jim?
Pragt: “De museumwrâld is wat it oangiet ferduorsuming in dreech te betsjinjen groep omdat elk pân en elke kolleksje oare easken stelt. En dat hat hielendal neat mei de provinsje Fryslân te krijen, want tsjin sokke problemen silst yn Seelân ek oanrinne. ”Schilling: “Of dat er drie eigenaren zijn van een enkel museaal pand. Besykje om dat ûnderling mar ris ôf te stimmen.” Pragt: “Of dat er in een pand drie verschillende collecties worden bewaard. Do silst dan elk part der út op in oare wize konservearje moatte. Mar de reewilligens om te ferduorsumjen is der om alderlei redenen by musea wol deeglik - bygelyks omdat it jild besparret of omdatst dyn stientsje bydrage wolst oan in ferbettere klimaat.”
Wat hawwe jimme fan it proses leard en hokker rol sjogge jim foar jimme weilein yn'e takomst?
Pragt: “We ha leard dat we fan enoarm technyske bedriuwen en organisaasjes leare kinne en sy fan ús, dus dat de útwikseling fan technyske kennis en ús kennis byinoar komme. En we hoopje dat de rol dy't we mei KlimOp spile hawwe ek foar de takomst behâlden bliuwe kin, dus dat we musea net allinnich no, mar ek letter fan ferduorsuming advys foarsjen kinne.”
Wat fine jim fan de behelle resultaten?
Pragt: “Ik ben blij met de adviezen, maar vind het jammer dat we niet meer adviezen tot uitvoering hebben brengen omdat het de musea aan een kans op laagdrempelige subsydzjeregelingen ontbeert. Dat sinjaal krijst eins fan alle musea - en net allinnich yn Fryslân. Want dat soe ús by steat bringe om noch mear KlimOp-advizen út te fieren..”
Binne der saken dy't jim meijaan wolle oan de polityk?
Pragt: “Dat se it de kultureel erfgoed-organisaasjes en musea gunne dat der in leechdrompelich loket komt dêr't se ynformaasje yn winne kinne, mar foaral dat der mear jild beskikber komt om de plannen út te fieren. Musea wolle hiel graach ferduorsumje, want nei alle gedachten helpt it se yn it besparjen fan de kosten, sadat harren museum noch takomstbestindiger wurdt.”
En wat as dêr gjin jild beskikber foar komt? Wat bart der dan?
Pragt: “Dan silst hingjen bliuwe yn trochmodderjen en houtjetouwtje-oplossingen. Want wat kinne wy, mei beheinde finansjele middels? En dan meitsje ik my noch it meast soargen oer de kolleksjes: sûnder dy kolleksjes hawwe de musea gjin ferhaal dat se útdrage kinne..”