Subsydzjeregeling wolfkearende maatregels

Skiep- en geitehâlders, hynste- en ponyhâlders, feehâlders, bargehâlders en alpacahâlders kinne gebrûk meitsje fan in subsydzje foar de oanskaf fan previnsjemaatregels om skea troch in wolf foar te kommen. Dat kin yn it troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebiet, dêr 't de kâns op wolveaktiviteiten it grutst is. Grofweg giet it om it gebiet tusken de A7, de A32 en de grins mei Drinte.

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling fine jo yn de regeling en it oanmeldformulier.

Fergees advys oer wolfkearende maatregels 

Wolle jo help of advys oer wolfkearende maatregels of de subsydzjeregeling? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de wolvekonsulint yn Fryslân. Hy advisearret hâlders fan lânbouhúsdieren fergees en op maat. Sawol op ôfstân (telefoanysk, e-mail) as op lokaasje. 

De wolvekonsulint is der foar advys en helpt by fragen as: 

  • Oan hokker easken moat de wolfkearende ôffreding foldwaan?
  • Wat binne de subsydzjemooglikheden en hoe freegje ik dat oan?
  • Kin ik myn raster kontrolearje litte op wolfwerendheid? 

Yn Fryslân kinne jo dêr kontakt foar opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl

Dêrneist kinne jo yn Fryslân kontakt opnimme mei de praktykkonsulint as jo advys nedich hawwe oer materiaalkar en hoe't de rasters pleatst wurde kinne. De praktykkonsulint advisearret oer it gebrûk fan ferskate materialen en de wize wêrop't dy ynset wurde kinne. 

Jo kinne praktykkonsulint Robert Jan Feijen berikke fia robertjanfeijen@hotmail.com.

Kalamiteiteregeling foar oanfallen bûten it wolvegebiet

Skiep- en geitehâlders, hynste- en ponyhâlders, feehâlders, bargehâlders en alpacahâlders bûten it wolvegebiet kinne, ûnderbetingsten, ek oanspraak meitsje op de subsydzjeregeling. 

Betingsten foar de kalamiteiteregeling:

  • der binne trije oanfallen binnen sân dagen
  • yn oaniensletten regio binnen ien gemeente of twa oangrinzjende gemeenten
  • jo dogge jo oanfraach binnen trije wiken nei de twadde oanfal

Pilot raster mei rook en lûd hâldt wolf op ôfstân 

Skieppehâlder de hear Hoiting is in eksperimint start om neist de rasters ek rook en lûd binnen wolfkearende maatregels ta te passen. Provinsje Fryslân fasilitearret - mei troch in finansjele bydrage - de pilot. De pilot rint oant de maitiid fan 2025. Op de webside fan de hear Hoiting fine jo mear ynformaasje en nijsartikels dy't oer de pilot makke binne. Sadree't de pilot klear is, sille wy dat yngeand evaluearje en diele wy fansels de befiningen.

Fragen en antwurden oer subsydzje

Hoe kin ik subsydzje oanfreegje foar it nimmen fan wolfkearende maatregels?

De provinsje Fryslân stelt subsydzje beskikber foar wolfkearende maatregels by it hâlden fan skiep, geiten, hynders, ponny’s, kij, alpaca’s en ezels. 

Hâlders fan dizze bisten kinne gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling. Dat kin yn it troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebiet: gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Hearrenfean, Opsterlân en Smellingerlân. Hjir is de kâns op wolveaktiviteiten it grutst.

Kin ik meardere oanfragen foar subsydzje dwaan?

Ja, jo kinne meardere kearen subsydzje oanfreegje. Tink der wol om dat der in maksimaal bedrach per oanfreger jildt fan € 30.000 en dat in nije subsydzje allinnich oanfrege wurde kin as jo ek wier nije kosten meitsje foar útwreiding of oanskaf fan in wolfkearend raster. Mear ynformaasje fine jo yn de subsydzjeregeling.

Ik wenje net yn it oanwiisde wolvegebiet, mar der hawwe yn de buert wol oanfallen west. Kin ik dan ek gebrûk meitsje fan de subsydzje?

Wenje jo net yn de gemeente Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Hearrenfean, Opsterlân of Smellingerlân en hawwe jo wol in oanfal hân op jo skiep, geiten, hynders, pony’s, kij, alpaca’s en/of ezels? Dan kinne jo oanspraak meitsje op de kalamiteiteregeling fan de subsydzjeregeling. Betingsten foar de kalamiteiteregeling binne: 

  1. Der hawwe trije oanfallen west binnen sân dagen,
  2. yn in oaniensletten regio binnen ien gemeente of twa neistlizzende gemeenten.

Wêr kin ik advys ynwinne hoe't ik de rasters it bêste pleatse kin?

Advys oer it pleatsen fan wolfkearende rasters kinne jo krije fan in wolvekonsulint. In wolvekonsulint jout fergees advys op maat. Sawol op ôfstân (telefoanysk, oer de e-mail) as op lokaasje. Dêrneist biedt hy help by it oanfreegjen fan subsydzje. Jo kinne kontakt opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl

Mei ik twaddehânsk materialen brûke foar in wolfkearende ôfrastering?

Foar it krijen fan in subsydzje is it net tastien om twaddehânsk materialen te brûken omdat de kwaliteit fan de ôfrastering dan net beoardiele wurde kin. Wy wolle graach dat de apaste ôfrastering fan genôch kwaliteit is om jierrenlange beskerming tsjin oanfallen fan'e wolf te bieden. By it berekkenjen fan de subsydzjebedraggen geane wy út fan de prizen fan nije materialen.

Ik hie ferline jier in jong hynder dat noch net opnommen wie yn it I & R. Kin dat hynder dochs meinommen wurde by de berekkening?

Nee, dat is net mooglik. By it berekkenjen fan'e subsydzje geane wy út fan it trochsneed oantal registrearre lânbouhúsdieren yn it jier foardat jo de subsydzjeoanfraach dogge. Foarbyld: freegje jo in subsydzje oan yn 2025, dan sjogge wy nei it yn it Identifikaasje - en Registraasjesysteem fan jo trochinoar registrearre tal lânbouhúsdieren yn 2024.

Wat folje ik yn by fraach 2 b fan it oanfraachformulier oer it tal strekkende meters fan de ôfrastering?

Hjir folje jo it tal meters fan de folsleine ôffreding yn. Hawwe jo bygelyks in perseel fan 5 by 10 meter, dan wurdt de ôfrastering 30 meter. Namlik it omtrek fan jo perseel: 2 x 10 meter en 2 x 5 meter.

Ik haw al in wolfkearende ôfrastering oanskaft en pleatst. Kin ik dochs noch subsydzje krije?

Ja, ek as jo de wolfkearende ôfrastering al pleatst hawwe, kinne jo yn oanmerking komme foar subsydzje. Stjoer by it yntsjinjen fan de oanfraach de faktueren mei.

Mei ik oare materialen brûke as de Faunaschade PreventieKit foarskriuwt, lykas bygelyks in ôfrastering fan betongaas?

Nee, dit is net tastien. Yn de Faunaschade PreventieKit (FPK) fan BIJ 12 binne maatregels en materialen opnommen dy't bewiisd effektyf binne. Materialen dy't net yn de FPK opnaam binne, komme net foar subsydzje yn oanmerking.

Ik haw earder subsydzje krigen mar ha no mear bisten as doe. Myn lân is net útwreide. Kin ik opnij subsydzje oanfreegje?

As jo tal bisten útwreide is, mar jo perseel lân net, komme jo net yn oanmerking foar in nije subsydzje. 

Ik haw earder subsydzje krigen, mar haw no mear bisten as doe en ik haw oangrinzjend lân kocht of yn gebrûk nommen, dêr't ik wolfkearende rasters foar oanskaffe wol. Kin ik opnij subsydzje oanfreegje?

Ja, jo kinne op'e nij subsydzje oanfreegje foar it tal strekkende meters nije ôfrastering. It tal bisten dat jo kocht hawwe, telt mooglik net mei, allinnich as dit tal bisten oankocht is yn it jier foarôfgeand oan it jier dat jo de nije subsydzjeoanfraach yntsjinje. Der wurdt hjirby rekken hâlden mei it maksimale bedrach oan subsydzje dat jo op basis fan it trochsneed oantal bisten krije kinne soene en it bedrach dat jo al krigen hawwe. Mear ynformaasje fine jo yn de subsydzjeregeling.

Kin ik it formulier ek digitaal ynstjoere?

Ja, subsydzje foar wolfkearende maatregels kinne jo oanfreegje mei de blauwe knop hjirûnder. Jo hawwe DigiD (partikulieren) of eHerkenning 2 + (bedriuwen) nedich om dit formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning en it oanfreegjen derfan fine jo op www.fryslan.frl/eherkenning.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje. 

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei it Klantkontaktsintrum. Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach. 

Oanfraachformulier

Stiet jo fraach der net by? Op de site fan BIJ 12 fine jo ek antwurden op faak stelde fragen.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer de wolf of dizze side? Nim dan kontakt op mei it Klant Contact Centrum.

  • E-mail: provincie@fryslan.frl
  • Telefoan: 058 - 292 59 25
  • WhatsApp: 06 - 10 26 88 31 (op wurkdagen fan 8.30 oant 17.00 oere beskikber)