Subsydzjeregeling Otterbestindige netten provinsje Fryslân
Subsydzjeregeling Otterbestindige netten provinsje Fryslân
Op 25 juny 2026 is de subsydzjeregeling Otterbestindige netten provinsje Fryslân iepensteld. De regeling stiet oant en mei 30 novimber 2026 iepen. Yn de regeling kinne jo subsydzje oanfreegje foar it oanskaffen fan otterbestindige netten en it montearjen dêrfan. Oan de subsydzjeregeling binne betingsten ferbûn. De betingsten fine jo yn de subsydzjeregeling Subsidieregeling otterbestendige netten provincie Fryslân | Lokale wet- en regelgeving
Doel subsydzjeregeling
Mei de nije subsydzjeregeling wol de provinsje beropsfiskers stypje by de oanskaf en montaazje fan otterbestindige netten. Doel dêrfan is in bydrage te leverjen oan it beheinen fan ekonomyske skea foar de sektor.
Doelgroep subsydzjeregeling
De subsydzjeregeling is bedoeld foar beropsfiskers dy’t lid binne fan de Friese Bond van Binnenvissers.
Iepenstelling
De subsydzjeregeling Otterbestindige netten provinsje Fryslân stiet fan 25 juny oant en mei 30 novimber 2026 iepen.
Budzjet iepenstelling
It subsydzjeplafond is troch it kolleezje fan Deputearre Steaten op
€ 250.000,- fêststeld.
Oanfreegje
Jo kinne subsydzje oanfreegje mei de blauwe knop hjirûnder. Jo hawwe eHerkenning 2+ (bedriuwen) nedich om dat formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning en it oanfreegjen dêrfan fine jo op www.fryslan.frl/eherkenning.
Nei’t jo mei eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiden opslaan en letter (binnen 5 dagen) op ‘en nij iepenje.
Slagget it jo net it online oanfraachformulier yn te foljen of hawwe jo as ienmanssaak gjin eHerkenning, nim dan kontakt op mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo fierder mei it dwaan fan de oanfraach.