Subsydzjeregeling iepenbier ferfier Fryslân 2026, paragraaf 3.2. Paragraaf 3.2 Mobiliteitshubs
By dizze regeling wurdt mei yngong fan 1 oktober 2026 it nije subsydzjeportaal brûkt. Fia dat portaal tsjinje jo de subsydzje-oanfraach yn en kinne jo de stân fan saken besjen.
Ek de oare kommunikaasje ferrint fia dat portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach.
Fanwegen de oergong nei in nij subsydzjesysteem kinne jo jo subsydzje-oanfraach fan 1 oktober 2026 ôf yntsjinje.
Tink derom, foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach (en it brûken fan it portaal) hawwe jo it neikommende nedich:
- eHerkenning mei:
- feilichheidsnivo 2+;
- de tsjinst 'Subsidieportaal'.
en/of
- DigiD
Mear ynformaasje fine jo op Subsydzjes | Fryslan
Fan 15 oktober 2026 ôf kin troch in Fryske gemeente foar de oanlis of ferbettering fan (foarsjennings op) in mobiliteitshub subsydzje oanfrege wurde.
In mobiliteitshub is in fysike skeakel dêr’t iepenbier ferfier en oare foarmen fan ferfier byinoar komme en dy’t, njonken syn mobiliteitsfunksje, ek as konsintraasjepunt foar romtlike ûntwikkeling(en) tsjinje kin.
Fryske gemeenten kinne subsydzje oanfreegje foar de oanlis of ferbettering fan (foarsjennings op) in mobiliteitshub. De subsydzje kin fan 15 oktober 2026 oant en mei 15 desimber 2026 oanfrege wurde. It beskikbere subsydzjeplafond is € 400.000, -.
De mobiliteitshub kin maksimaal € 100.000, - oanfrege wurde. Oant € 30.000, - kin oant 100% fan de subsidiabele kosten subsidiearre wurde, dêrboppe maksimaal 80%.
De subsydzje wurdt, yn it gefal der net mear as 8 oanfragen binne, nei evenredichheid oer de oanfregers ferdield. By mear as 8 oanfregers wurdt earst sjoen nei ynkommen fan de oanfragen en de regionale sprieding oer Fryslân. Op basis dêrfan wurde 8 oanfregers selektearre. Dy 8 oanfregers krije dêrnei de subsydzje nei evenredichheid ferdield.
Betingsten
De aanfraachkritearia en oare ynformaasje dy’t nedich is, binne te finen yn de subsydzjeregeling. Lês de regeling om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne.
De wichtichste betingsten binne:
- De mobiliteitshub dêr’t de aktiviteiten binne, is yn alle gefallen in fysike skeakel foar it iepenbier ferfier;
- De mobiliteitshub dêr’t de aktiviteiten binne, is oanwiisd as regionale hub of boppelokale hub op de dynamyske hubkaart (link folget);
- De projektútfiering begjint of is begûn op of nei 1 july 2026;
- De aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, sille uterlik 31 desimber 2027 folslein útfierd wêze.
Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dat?
Jo kinne de oanfraach fan 15 oktober 2026 digitaal fia ûndersteande knop yntsjinje.
Lês de regeling goed troch. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Om it oanfraachformulier flot troch te rinnen is it fan belang om yn ’t foar de ferplichte taheakken ta te rieden. Soargje derfoar dat alle taheakken ynfolle op jo kompjûter opslein binne, foardat jo it oanfraachformulier ynfolje.
Ek de oare kommunikaasje ferrint fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning mei:
- veiligheidsniveau 2+;
- de tsjinst 'Subsidieportaal';
- Projektplan, dêr’t yn alle gefallen yn beskreaun wurdt:
- de oanlieding en it doel fan it projekt;
- de lokaasje en de mobiliteitshub;
- de wize wêrop’t de mobiliteitshub in fysike skeakel foar it iepenbier ferfier foarmet;
- de foarnommen aktiviteiten;
- de planning;
- de te berikken resultaten.
- Slutende projektbegrutting en dekkingsplan, wêrby’t subsidiabele en net-subsidiabele kosten apart werkenber binne.
Dêrby heart in ûnderbouwing fan de subsidiabele kosten; bygelyks offerten, begruttingen of oare relevante ûnderlizzende stikken.
Taljochting: As eksterne tredden ynset wurde; hokker wurksumheden wurde troch de eksterne tredden útfierd? Neam it oantal oeren eksterne tredden, mei dêrby de rûsd kosten. - Dekkingsplan; dêr't út bliken docht hoe't de folsleine projektkosten dutsen wurde;
- As it fan tapassing is: offertes fan eksterne tredden foar wurksumheden dy’t as subsidiabele kosten opfierd wurde;
- Kopy bankôfskrift (as jo noch nea, of langer as twa jier lyn, in subsydzje fan Provinsje Fryslân krige hawwe).
- As it fan tapassing is: oare dokuminten foar de ûnderbouwing fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt mei ús Klantkontaktsintrum opnimme fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo tsjinje de oanfraach digitaal yn. Dêr hawwe jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) foar nedich. Sjoch hjir foar mear ynformaasje. Nei’t jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiden opslaan en letter (binnen 5 dagen) op ‘en nij iepenje.