Subsydzjeregeling Fryslân ûnderweis

By dizze regeling wurdt per 1 oktober 2026 it nije subsydzjeportaal brûkt. Fia dat portaal tsjinje jo de subsydzje-oanfraach yn en kinne jo de status besjen. De oare kommunikaasje ferrint ek fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach.

Tink derom, foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach (en it brûken fan it portaal) hawwe jo it neikommende nedich: 

  • eHerkenning mei: 
    • feilichheidsnivo 2 +; 
    • de tsjinst ‘Subsidieportaal’. 

en/of 

  • DigiD  

Mear ynformaasje fine jo op Subsydzjes | Fryslan.

Oanfregers, oanfraachperioade en subsydzjeplafond 

Fan 2 novimber 2026 ôf kin troch in stichting, feriening, koöperaasje sûnder winsteachmerk of tsjerkegenoatskip in subsydzje oanfrege wurde foar in lokaal inisjatyf wêrby’t op in duorsume wize in bydrage levere wurdt oan it fergrutsjen fan de mobiliteit fan ynwenners fan Fryslân. 

Dat betsjut dat it inisjatyf liedt ta it ferbetterjen fan de berikberens fan ynwenners fan de provinsje Fryslân en it foarkommen fan potinsjele ferfiersearmoede. 

It beskikbere subsydzjeplafond is € 718.011,-.

Ferdieling en maksimale hichte subsydzje 

De hichte fan de subsydzje foar lokale duorsume mobiliteitsinisjativen docht op syn meast 90% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 70.000,- foar elke oanfraach. 

Subsydzje wurdt ferdield op folchoarder fan datum fan ûntfangst fan de subsydzje-oanfragen, wêrby't de datum fan ûntfangst dy datum is wêrop't de oanfraach folslein is. Foar safier troch it jaan fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy't op deselde dei ûntfongen binne, it subsydzjeplafond oergien wurdt, wurdt de rangskikking fan dy oanfragen bepaald troch lotting.

Betingsten 

De oanfraachkritearia en oare ynformaasje dy't nedich binne, binne te finen yn de subsydzjeregeling. Lês de regeling om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne.  

De wichtichste betingsten binne: 

  • De aktiviteit leveret in bydrage oan it fergrutsjen fan de mobiliteit fan ynwenners fan de provinsje Fryslân 
  • De aktiviteit is net stridich mei in besteande iepenbier ferfier konsesje. 
  • De aktiviteit is genôch takomstbestindich. 

Dat betsjut dat: 

  1. De aktiviteit (finansjeel) moat út te fieren wêze. 
  2. Der is in kommunikaasjeoanpak beskreaun dêr't út bliken docht hoe bekendheid oan it inisjatyf jûn wurdt. 
  3. Der in realistysk plan bestean foar it yn stân hâlden fan it inisjatyf nei realisaasje. 
  • Foar de aktiviteit bestiet genôch draachflak. Dat betsjut dat der breed draachflak is en dat der gearwurke wurdt mei ferskate minsken en organisaasjes út it doarp en de regio. De aktiviteit rjochtet him op of komt te'n goede oan in brede goed brûkers. 
  • De aktiviteit wurdt op duorsume wize realisearre en yn stân holden. 
  • By de realisaasje fan de aktiviteit wurdt de Fryske taal of streektaal brûkt, of it moat wêze dat it brûken fan de Fryske taal of streektaal net mooglik of doelmjittich is.

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dit?    

Jo kinne de oanfraach fan 2 novimber 2026 ôf digitaal yntsjinje troch gebrûk te meitsjen fan it elektroanyske oanfraachformulier. 

Subsydzje oanfreegje (fan 2 novimber ôf) 

Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. 

Om it oanfraachformulier flot troch te rinnen is it fan belang om foarôf de ferplichte bylagen ta te rieden, soargje derfoar dat alle bylagen ynfolle op jo kompjûter opslein steane foardat jo it oanfraachformulier ynfolje. 

De oare kommunikaasje ferrint ek fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach.

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  • eHerkenning mei: 
    • feilichheidsnivo 2+; 
    • tsjinst ‘Subsydzjeportaal’ 
  • Projektplan, ynklusyf begrutting en dekkingsplan neffens it foarskreaune projektformat 
  • Offertes ta ûnderbouwing fan de kosten 
  • Ynfolle en tekene de-minimisferklearring
  • Kopie bankôfskrift (as jo nea, of langer as twa jier lyn, in subsydzje fan Provinsje Fryslân krigen hawwe). 

Taljochting: As eksterne tredden ynset wurde; hokker wurksumheden wurde troch de eksterne tredden útfierd? Neam it oantal oeren eksterne tredden, mei dêrby de rûsd kosten. 

As fan tapassing: 

  • By in koöperaasje sûnder winsteachmerk; upload in dokumint dêr't út bliken docht dat jo koöperaasje gjin winsteachmerk hat 
  • In gearwurkingsoerienkomst

Mear ynformaasje  

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.