Subsydzjeregeling foar Frysk ûnderwiis op ‘e nij iepen
Alle berne-opfanglokaasjes, skoallen en skoalbestjoeren yn Fryslân kinne fan 22 april oant en mei 30 septimber 2026 subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is fan ‘t jier €1.000.000,- beskikber. De subsydzjeregeling Frysk foar no en letter is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030 en is ek opnommen yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer dy’t provinsje Fryslân en it Ryk sletten hawwe.
Deputearre Eke Folkerts: “Mei de subsydzjeregeling kinne skoallen ekstra stipe krije by it realisearjen fan harren ambysjes foar it Frysk. Der binne op it stuit in protte ûntwikkelingen op it mêd fan it Frysk yn it ûnderwiis. Sa binne der nije kearndoelen foar Fryske taal en kultuer fêststeld en komme der nije eksamenprogramma's oan. Mei dizze regeling wurde skoallen, opfanglokaasjes en bestjoeren stimulearre en stipe om op ’e nij nei harren ambysjes foar de Fryske taal en kultuer te sjen. Yn kombinaasje mei Taalplan Frysk 2030 ynvestearje wy mei dizze regeling yn de kwaliteit fan it Fryske ûnderwiis op alle opfanglokaasjes en skoallen en op alle ûnderwiisnivo’s.”
Frysk foar no en letter
Alle ûnderwiissektoaren komme yn oanmerking foar subsydzje: berne-opfanglokaasjes, primêr en fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Der kin subsydzje oanfrege wurde yn 5 kategoryen: Frysktalich les- en lêsmateriaal, kultuer- of erfgoededukaasje, oplieding of kursus, it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis (Taalryk-skoallen), en it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer. Sawol in opfanglokaasje as skoalle kin de kategory ien kear in oanfraach dwaan yn dizze perioade.
De subsydzjeregeling bestiet sûnt 2021 en giet alle jierren iepen. Ferline jier wie der €600.000,- beskikber ferdield oer fjouwer kategoryen. It budzjet is fan ‘t jier ferhege nei €1.000.000,- om’t de regeling útwreide is nei 5 kategoryen. Nij is de kategory foar it yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer. De provinsje Fryslân wol mei it tafoegjen fan dy kategory it Fryske ûnderwiisfjild stimulearje om de Fryske taal en kultuer in stevich plak te jaan yn it ûnderwiis. Dêrby kin it bygelyks gean om it opsetten fan in eksamentrajekt Frysk, it ûntwikkeljen fan in skoaleigen kurrikulum rjochte op it yn wurk setten fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026, it yntegrearjen fan Frysk en meartaligens yn in oplieding, of it oanstellen fan in boppeskoalske koördinator foar it skriuwen fan plannen dy’t derta liede dat de Fryske taal en kultuer yn in skoalkoepel fuortsterke wurdt.
Mear ynformaasje oer de regeling is te finen op: www.fryslan.frl/fryskfoarnoenletter. Mei Taalplan Frysk 2030 wol de provinsje alle bern yn Fryslân in kâns biede om (oer) de Fryske taal en kultuer te learen en te brûken. Mear ynfo: www.taalplan.frl.