Subsydzjeregeling Flexibele ynset stipe wenningbou twadde transj
It doel fan dizze regeling is om it ferhastigjen fan de útfiering fan nijbou en werstrukturearring troch middels beskikber te stellen wêrmei't gemeentlike organisaasjes eksperts ynhiere kinne om sa de foarfaze fan wenningbou te befoarderjen. It Ministearje fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering hat dêr in Spesifike útkearing foar beskikber steld in bedrach fan € 1.284.300, -
Foar wa?
Fryske Gemeenten kinne oant en mei 31 augustus 2025 subsydzje oanfreegje. De regeling is bedoeld om de foarfaze fan nijbou en werstrukturearring fan wenningen flugger te gean.
Betingsten
Subsydzje wurdt jûn foar de ynhier fan professionals dy't ynset wurde foar it útwurkjen fan nijbou - en werstrukturearringsprojekten foar wenningbou en it opstellen fan bestimmingsplannen.
It wurk dêr't de subsydzje foar oanfrege wurdt, hawwe oantoanber as doel om de foarfaze fan werstrukturearrings - en / of nijbouprojekten flugger te meitsjen.
It giet by it jaan fan subsydzje om in bydrage yn de kosten foar it belûken fan professionals by: de fergunningferliening fan wenningbouprojekten; it ta stân kommen fan lokale of regionale yntegrale wensoarchfyzjes en it realisearjen fan betelbere wenten mei passende soarch en stipe foar oandachtsgroepen; it tarieden fan in wenningbouprojekt of werstruktueringsprojekt; it sluten fan anterieure oerienkomsten mei merkpartijen; of it opstellen fan in bestimmingsplan trochhearrende. De wurksumheden dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt wurde foar 31 desimber 2025 útfierd.
Subsydzje wurdt allinnich jûn as foar de oanbelangjende gemeente foar deselde aktiviteiten binnen itselde projekt noch net earder op grûn fan dizze regeling subsydzje jûn is.
Subsydzje wurdt allinnich jûn wannear't foar de oanfraach gebrûk makke is fan it oanfraachformulier ûnderoan dizze side, mei de neikommende bylagen: In aktiviteiteplan, mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt, ynklusyf in motivearring dêr't út bliken docht dat de aktiviteiten dêr't subsydzje foar frege wurdt foldogge oan de yn kêst 8 neamde kritearia; In begrutting mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar frege wurdt, foarsjoen wurdt fan in taljochting. Subsydzje kin allinnich jûn wurde salang't der budzjet beskikber is.
Maksimale fergoeding
Gemeenten kinne 75% fan de subsidiabele kosten oanfreegje, oant in maksimum fan € 71.350.
Wêr?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it elektroanyske oanfraachformulier. Hjirfoar hawwe jo eHerkenning nivo 2 + nedich.
It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.