Subsydzjeregeling DOM Fryslân
By dizze regeling wurdt per 1 oktober 2026 it nije subsydzjeportaal brûkt. Fia dat portaal tsjinje jo de subsydzje-oanfraach yn en kinne jo de status besjen. De oare kommunikaasje ferrint ek fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach.
Tink derom, foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach (en it brûken fan it portaal) hawwe jo it neikommende nedich:
- eHerkenning mei:
- feilichheidsnivo 2 +;
- de tsjinst ‘Subsidieportaal’.
Mear ynformaasje fine jo op Subsydzjes | Fryslan.
Mei-inoar wurkje wy oan takomstbestindige doarpen en foarsjennings.
Hoe hâlde wy foarsjennings yn doarpen beskikber en berikber, ek as it draachflak ûnder druk stiet? Mei de nije DOM-subsydzjeregeling stipet de provinsje Fryslân gemeenten en ynwenners by it ûntwikkeljen én útfieren fan takomstbestindige oplossings.
De regeling is bedoeld foar gemeenten yn Fryslân dy't mei ynwenners oan de slach wolle mei komplekse leefberheidsopjeften. Sintraal stiet de DOM-metoade: gemeente en ynwenners wurkje lykweardich gear, stipe troch in ûnôfhinklike DOM-tinker.
De regeling is rjochte op it opstellen en útfieren fan yntegrale plannen foar it dielen en / of klusterjen fan foarsjennings en it ferbetterjen fan de leefberens yn doarpen. Tink bygelyks oan foarsjennings op it mêd fan ûnderwiis, moeting, iepenbier ferfier en soarch.
Dat binne (doarps)inisjativen dy't earder suksesfol gearwurken mei de DOM-metoade.
Subsydzje
Gemeenten kinne subsydzje oanfreegje foar Fase 1 - planfoarming, en yn 2028 foar Fase 2 - útfiering.
Yn de subsydzjeregeling lêze jo werom dêr't it projekt oan foldwaan moat, mar ek de oare regels en ferplichtingen dêr't jo fan op 'e hichte wêze moatte.
Subsydzjeregeling DOM (link folget)
Faze 1: foar in fia in DOM op te stellen yntegraal plan, ûnder begelieding fan in ûnôfhinklike DOM-tinker:
- Oan te freegjen fan 20 oktober 2026 tm 19 novimber 2026.
- Subsydzjeplafond is € 320.000, -.
- Subsydzjebedrach: € 20.000, -.
Faze 2: foar it útfieren fan konkrete projekten út de yntegrale plannen útwurke mei de DOM-metoade:
- Oan te freegjen fan 1 febrewaris 2028 tm 31 maart 2028.
- Subsydzjeplafond € 2.600.000, -
- Maksimaal subsydzjebedrach: € 250.000, -, maksimaal 50% fan de subsidiabele kosten.
Subsydzje oanfreegje foar Fase 1: hoe doch ik dit?
Jo kinne de oanfraach fan 20 oktober 2026 ôf digitaal yntsjinje fia de ûndersteande knop.
Lês de regeling goed troch. It is belangryk dat jo it oanfraachformulier hielendal ynfolje, wês sa folslein mooglik by de iepen fragen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich om de oanfraach yn te tsjinjen?
- eHerkenning mei:
- feilichheidsnivo 2 +
- de tsjinst ‘Subsidieportaal’
- Kopie bankôfskrift (allinnich as der yn de ôfrûne 2 jier gjin subsydzje fan de provinsje ûntfongen is).
Wat te dwaan sadree't it projekt klear is?
Nei ôfrin fan it projekt ferwachtsje wy noch in pear ynformaasje fan jo:
- It yntegrale plan dat mei de subsydzje ta stân kaam is;
- In ynfolle Evaluaasjeformulier faze 1.
Mear ynformaasje
Hoe wurket de nije DOM-regeling krekt? Wat moatte je regelje foar in oanfraach? En wat is de rol fan de DOM-tinker? We ha de belangrykste fragen en antwurden foar dy op in rige set.
Fraach en antwurd oer de nije DOM-regeling
Rin dizze fjouwer stappen troch om in oanfraach te dwaan foar de earste faze fan de nije DOM-regeling. Fragen of twivels? Nim kontakt mei ús op. Wy tinke graach mei dy mei.
Klear om oan de slach te gean mei DOM?
Unôfhinklike tinkers en ferbiners dy't helpe om mei-inoar ta in goed plan te kommen.
Oare fragen
Foar oare fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.