Fanút it Ryk en yn Fryslân wurdt wurke oan minder útstjit fan stikstof. Hjirfoar binne ek regelingen en subsydzjes beskikber. Op dizze side lêze jo dêr mear oer.

Hawwe jo nei it lêzen fan dizze ynformaasje fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25. Wy helpe jo graach.

Lanlike regelingen foar oankeap

It kabinet hat op 12 juny 2023 har oanpak pykbelesting presintearre. Underdiel fan dy oanpak is in twatal regelingen (LBV+ en LBV) foar feehâlderijen. Dielname oan dy regelingen is frijwillich.

Wolle jo mear witte oer dy regelingen en oft jo bedriuw miskien yn oanmerking komt foar ien fan dy regelingen? Sjoch dan op www.aanpakpiekbelasting.nl(eksterne keppeling). Hawwe jo fragen oer dizze regeling? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland.

Gjin provinsjale regeling foar oankeap

De provinsje Fryslân hat gjin oanfoljende regelingen foar de oankeap fan jo bedriuw. Mochten jo net yn oanmerking komme foar de hjoeddeistige lanlike regelingen, mar wol al plannen hawwe om jo bedriuw te beëinigjen, dan kinne jo dat by ús oanjaan. Wy nimme dan kontakt mei jo op.

Ynvestearringsregeling Reduksje Stikstof

Foar agraryske ûndernimmers yn Grinslân, Drinte en Fryslân is sûnt 7 juny 2023 in subsydzjeregeling beskikber. Dy subsydzje hat as doel om ynvestearringen te stimulearjen dy't bydrage oan it ferminderjen fan stikstofemisje binnen in agraryske ûndernimming. It jaan fan advys troch in ekstern saakkundige oer dy maatregels makket dêr ek ûnderdiel fan út. Mear ynformaasje oer de regeling en it oanfreegjen dêrfan fine jo op de webside fan SNN.

Nije oanfragen foar subsydzje stikstof redusearjende maatregels begjin 2024

Yn 2023 hawwe twa oanfraachtekens west foar in subsydzje foar stikstof-redusearjende maatregels. Al sa ’n 20% fan de boeren yn Grinslân, Fryslân en Drinte hawwe gebrûk makke fan dizze regeling. Op dit stuit wurkje wy oan in folgjende ronde. Omdat wy safolle mooglik stikstofreduksje berikke wolle mei de subsydzjeregeling, evaluearje wy de oanfragen oant no ta. Op basis dêrfan passe wy de regeling eventueel oan om maatregels dy 't mear stikstofreduksje opsmite mear te stimulearjen. Wy ferwachtsje dat de nije oanfraachronde begjin 2024 iepengean sil. Hâld dêrfoar de webside fan SNN yn 'e gaten.

Kontakt mei de provinsje Fryslân

De provinsje wurket oan de opjefte stikstof fia it Frysk Programma Landelijk Gebied. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fryslan.frl/fplg.

Hawwe jo fragen oer stikstofregelingen of sjogge jo oare mooglikheden dy't jo graach beprate wolle? Bygelyks ferpleatsing of it stopjen fan jo bedriuw? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of fia 058 -2925925. Wy sille graach frijbliuwend mei jo yn petear.