Subsydzje oanfreegje

Wichtige betingsten en regels 

As jo subsydzje oanfreegje by de Provinsje Fryslân, jilde der betingsten en regels. Dizze soargje derfoar dat subsydzjes earlik ferdield en goed bestege wurde. 

Op dizze side lizze wy út wat dizze regels betsjutte, dêr't jo rekken mei hâlde moatte en wêr't jo de details fine kinne.

Wêrom binne der betingsten en regels?

De provinsje wurket mei publyk jild. Dêrom moatte wy soarchfâldich omgean mei subsydzjes. De regels soargje derfoar dat: 

  • elkenien deselde kânsen hat;
  • subsydzjes wurde brûkt foar it doel dêr't se foar bedoeld binne;
  • dúdlik is wat wy fan inoar ferwachtsje. 

Sa witte jo as oanfreger wêr't jo oan ta binne, en kin de provinsje kontrolearje oft it jild goed bestege wurdt.

Algemiene regels (foar hast alle subsydzjes)

Foar de measte subsydzjes jilde algemiene regels. Dizze steane yn de Algemiene Subsuszjeferoardering 

Dizze regels gean bygelyks oer: 

  • wa ’t subsydzje oanfreegje kin;
  • hokker kosten al en net meitelle;
  • hoe en wannear’t jo subsydzje oanfreegje;
  • wat jo dwaan moatte nei ôfrin fan dyn projekt. 

Jo hoege dizze regels net út'e holle te kennen, mar it is goed om te witten dat se bestean en foar hast alle subsydzjes jilde.

Hokker subsydzjeferoardering jildt foar jo?

Sûnt 1 july 2024 jildt der in nije  Algemiene Subsydzjeferoardering 

  • Foar subsydzjes dy't foar dy datum oanfrege of takend binne, jildt faak noch de âlde feroardering.
  • Foar nije oanfragen jildt de nije feroardering. 

Wat is in útfieringsregeling?

De útfieringsregeling beskriuwt hoe ’t de provinsje de Algemiene subsydzjeoardering tapast. Sûnt 1 febrewaris 2026 is de Utfieringsregeling ASV 2022 fan de provinsje Fryslân feroare. Neffens de foarige útfieringsregeling binne der wichtige wizigingen dy't ynfloed hawwe kinne op jo subsydzjeoanfraach. 

Ekstra regels per subsydzjeregeling

Neist de algemiene regels hat elke subsydzjeregeling eigen betingsten. Dy ferskille per regeling. 

By elke subsydzjeregeling stiet dúdlik: 

  • oar wa ’t de subsydzje is;
  • dêr’t jo subsydzje foar krije kinne;
  • hoefolle subsydzje oft jo oanfreegje kinne;
  • wannear ’t jo de oanfraach yntsjinje moatte;
  • hokker dokuminten oft jo meistjoere moatte. 

Tip: Lês njonken de algemiene regels ek altyd de betingsten fan de spesifike regeling goed troch, foardat jo begjinne mei oanfragen..

Wat ferwachtsje wy fan jo as oanfreger?

1. In dúdlik plan 

Jo litte sjen: 

  • wat jo dwaan sille;
  • wêrom’t dat wichtich is;
  • wannear't it projekt úteinset en einiget. 

2. In realistyske begrutting 

Yn jo begrutting stiet: 

  • hokker kosten oft jo meitsje;
  • hokker ynkomsten oft jo ferwachtsje;
  • oft jo ek oare subsydzjes of bydragen krije. 

Net alle kosten komme yn oanmerking foar subsydzje. Dat stiet per regeling oanjûn. 

3. Earlike en folsleine ynformaasje 

Jo jouwe goede en folsleine ynformaasje. As der wat feroaret (bygelyks yn jo planning of budzjet), dan litte jo dat sa gau as mooglik witte.

Nei takenning fan de subsydzje

Krije jo subsydzje takend? Dan jilde der ek ôfspraken foar dêrnei. 

Under it projekt 

  • Jo fiere it projekt út lykas ôfpraat.
  • Grutte wizigingen jouwe jo troch fia dit formulier.

Nei ôfrin 

Faak moatte jo sjen litte: 

  • wat jo dien hawwe;
  • wat it resultaat is;
  • hoe't it subsydzjejild bestege is. 

Dit hjit ferantwurding ôflizze. Soms is in koart ferslach genôch, soms ek in finansjele ferantwurding. Dit ferskilt per regeling.

Wannear kin subsydzje ynlutsen of weromfrege wurde?

Yn guon gefallen kin de provinsje: 

  • de subsydzje oanpasse;
  • de subsydzje ynlûke;
  • (in part fan) it subsydzje weromfreegje. 

Dit kin bygelyks as: 

  • it projekt net trochgiet;
  • it jild oars wurdt brûkt as ôfpraat;
  • ôfspraken net neikommen wurde. 

Dizze situaasjes komme net faak foar, mar it is goed om te witten dat dizze regels bestean.

Help nedich? 

Twivelje jo oft jo oan de betingsten foldogge? Binne jo net wis hokker regels foar jo jilde? 

Nim gerêst kontakt op mei de provinsje. Wy tinke graach mei jo mei foardat jo in oanfraach yntsjinje. 

De ôfdieling Subsydzjes is te berikken op telefoannûmer 058 – 292 59 25 en fia provincie@fryslan.frl

Handige ynformaasje 

  • Digitaal oanfreegje: Jo kinne hieltyd mear regelingen digitaal yntsjinje. Dêrfoar binne jo DigiD of eHerkenning nedich.
  • Wizigingen trochjaan: Hawwe jo al subsydzje en wolle jo wat feroarje? Dat kinne jo faak trochjaan fia dit formulier.
  • Subsydzjeregister: De provinsje publisearret listen fan ferliende subsydzjes. Dit is iepenbier en ynsichtlik.