Subsydzje foar oanlis en refitalisearring houtige eleminten, paragraaf 5
Wolle jo houtige eleminten oanlizze en refitalisearje bûten NNN, hearre jo ta de doelgroep en foldogge jo oan de oare betingsten? Dan komme jo mooglik yn oanmerking foar subsydzje binnen de subsydzjeregeling Fryske Bosse - en beammestrategy, paragraaf 5.
Subsydzje op grûn fan dizze paragraaf kin oanfrege wurde troch:
- terreinbehearende organisaasjes;
- gemeenten en wetterskippen;
- partikuliere grûneigeners, net-binne lânbouûndernimmingen;
- stichtingen en ferieningen dy't aktyf binne op it mêd fan natuer- of lânskipsbeskerming.
Subsydzje
- oanlis houtige eleminten op eigen grûn;
- refitalisearring houtige eleminten op eigen grûn;
- oanlis houtige eleminten op grûn fan tredden;
- of refitalisearring houtige eleminten op grûn fan tredden.
Iepenstellingsdatum en subsydzjeplafond
Jo kinne subsydzje oanfreegje fan 6 april 2026 oant en mei 16 desimber 2026. It beskikbere subsydzjebudzjet is € 2.000.000,- foar projekten rjochte op oanlis en eleminten € 1.900.000,- foar projekten rjochte op refitalisearring fan houtige eleminten. Jo projekt moat uterlik 31 desimber 2028 klear wêze.
Oanfraach yntsjinje
Fia ûndersteande knop kinne jo in oanfraach yntsjinje:
ês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes)
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
- By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om te ûndertekenjen (úttreksel Keamer fan Keaphannel en evt. statuten).
Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.
Help nedich?
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of oer de e-mail fia provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hawwe jo eHerkenning nedich.
Neidat jo mei eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.