Steatssekretaris bringt wurkbesite mynbousaken
Steatssekretaris De Bat fan it ministearje fan Klimaat en Groene Groei (KGG) hat hjoed 10 juny in besite fan kennismeitsjen brocht oan Fryslân. Hjirby liet er him op lokaasje yn Ychten ynformearje oer gaswinning en oare mynbousaken dy't yn Fryslân spylje, lykas prosedueres, ûndersiken, gefolgen en problemen.
By de wurkbesite stie in kuier nei it Gemaal Veenpolder by Ychten op it programma. Op dizze lokaasje is de meanfjilddelgong troch feanoksidaasje goed te sjen. De Fryske Mynboutafel wie gasthear fan de wurkbesite. Dizze tafel is in gearwurkingsferbân tusken alle Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân en krijt jierliks in bewâldspersoan.
Underwerpen dy’t ûnder oaren tidens wurkbesite besprutsen binne:
- Gjin gaswinning yn Fryslân (ôfbouwe winningen yn plak fan yntensivearje);
- Rinnend TNO-ûndersyk nei steapele effekten feangreidegebieten;
- Beskerming drinkwetterfoarsjenning;
- Nije mynbouwet;
- Programma Duorsum Brûk Djippe Undergrûn.
Reaksjes fan bestjoerders op wurkbesite
Deputearre Friso Douwstra: “We ha as Fryslân ús kâns pakt om de steatssekretaris op lokaasje te ynformearjen oer foar ús wichtige mynbousaken. As Fryslân sjogge we graach dat gaswinning ûnder ús fuotten ophâldt. Yn alle gefallen net yn it feangreidegebiet salang't it TNO-ûndersyk nei de steapele effekten noch rint. En ús winsk is om breder te sjen nei natuer, de Waadsee as Unesco Wrâlderfguod en maatskiplike kosten-baten foar herstel fan problemen en skea. Graach betankje ik de steatssekretaris út namme fan de hiele Fryske Mynboutafel foar syn komst."
Deistich bestjoerslid Remco van Maurik fan Wetterskip Fryslân: “Ook wij zijn blij met het bezoek van de staatssecretaris. Het is belangrijk dat hij met eigen ogen ziet hoe kwetsbaar het Friese veenweidegebied is. We roepen hem dan ook op om uitbreiding of nieuwe gaswinningen in dit gebied, maar ook op andere locaties in Fryslân, te herzien. De schade aan het watersysteem is onomkeerbaar en maakt het beheer steeds ingewikkelder en duurder. Daar willen we onze inwoners niet voor laten opdraaien.”
