Startgearkomste Wurksumheden Warkum
Yn Warkum waard woansdei 22 april troch deputearre fan de provinsje Fryslân Friso Douwstra en wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân Henk de Boer it startsein jûn foar wurksumheden oan de Iselmar. De wurksumheden oan strekdaam, strân en natuergebiet Warkumerwaard barre yn it ramt fan it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust. It startsein waard jûn yn in fassinearjende foarstelling fan Zandtovenaar Gert van der Vijver. De foarstelling waard foar de gelegenheid spesjaal op maat makke; in prachtige ferwizing nei it tsjoenen mei sân oan de kust by Warkum. Deputearre Douwstra en wethâlder De Boer drukten yn de foarstelling mei-inoar de hannen yn it sân om sa it offisjele startsein te jaan foar de wurksumheden.
De oanwêzige gasten krigen fan projektteam, oannimmer en oanbelangjende partijen (provinsje Fryslân, gemeente Súdwest Fryslân en It Fryske Gea) in blik efter de skermen by de ferskate wurksumheden. Ferieningen út Warkum (lykas Pleatslik belang, kiters, sylferiening, fiskferiening en de ûndernimmersferiening) binne al jierren nau by it ta stân kommen fan alle plannen behelle en koene op dizze moaie dei meigenietsje fan de offisjele start fan de plannen. Warkumer Henk Miedema - fan it earste oere ôf derby helle - ûntbleate út namme fan de oanbelangjenden yn de gearkomste in moai ynformaasjeboerd en fertelde dat it him rekke doe't de plannen út de mienskip wei doedestiids goedkard waarden: “Doe wie it feest fansels”.
Deputearre Friso Douwstra is grutsk op it ta stân kommen fan alle plannen: “Ik fyn it prachtich dat troch in yntinsive gearwurking mei lokale partijen hjir sa'n moai resultaat ta stân brocht wurdt yn in grut projekt. Dêr meie wy echt grutsk op wêze.”
Foar wethâlder Henk de Boer betsjutte it wurk by Warkum in opwurdearring fan de moaie stêd oan de Iselmar: “Wy sette hjir in belangrike stap foar de takomst fan ’e Iselmarkust by Warkum. Wy wurkje oan in sterke en feilige kust, en oan in gebiet dêr’t natuer, rekreaasje en ekonomy goed byinoar passe. Troch sa’n projekt mei-inoar op te pakken, meitsje wy it gebiet oantrekliker foar ynwenners en besikers. En dat is krekt wêr’t wy it foar dogge.”
Wetterdjipte behâlde troch nije strekdaam
By Warkum binne trije projekten tûk kombinearre. Sa komt der in strekdaam, wurdt it rekreaasjewetter ferdjippe en wurdt mei it - út it rekreaasjewetter wei helle sân - de Warkumerwaard fersterke. De nije strekdaam soarget derfoar dat it soal net ticht sliket, sadat de wetterdjipte foar de skipfeart better hanthavene wurdt. Op de strekdaam komt in betonpaad, dat brûkt wurde sil as kuierpaad.
Dêrneist komme der fjouwer fiskplato’s foar angelsporters. Ek lizze oannimmers Van Oord en Van der Meer in trailerhelling oan foar lytse boaten op hântrailers. De wurksumheden oan de strekdaam binne takom simmer klear.
Foar it strân wurdt it wetter op in djipte fan sa'n 1.30 meter brocht. Sa kinne (kite)surfers en swimmers aanst better rekreëarje. It sân dat frijkomt, wurdt brûkt foar it opknappen fan de Warkumerwaard. De wurksumheden oan it rekreaasjewetter fine plak fan simmer 2026 ôf en steane pland oant ein 2026, mooglik oant yn ‘e maitiid fan 2027.
Natuergebiet Warkumerwaard wurdt oer in lingte fan likernôch 2 kilometer fersterke en opknapt. Mei it frijkommen sân fan it rekreaasjewetter wurdt in sânplato mei fariearjende hichten fan sa'n 200 meter breed oanlein. Op ferskate plakken komme skulpebanken om it gebiet te beskermjen tsjin eroazje. Oan de noardkant komt in stiennen daam om it sân yn it gebiet fêsthâlde te kinnen. De wurksumheden oan it natuergebiet binne fan simmer 2026 ôf oant ein 2026 mei útrin nei de maitiid fan 2027.
Ofslutingen
By de wurksumheden wurde dielen fan it gebiet ôfsletten. By de wurksumheden oan de strekdaam wurdt it strân sels noch net ôfsletten, allinnich it paad yn de súdlike punt rjochting Kanaal It Soal. Yn it earste part fan de wurksumheden oan it rekreaasjewetter by it strân (fan simmer 2026 ôf) wurdt de súdkant fan it strân ôfsletten en is de noardlike helte iepen. Dêrnei wurdt de noardlike helte ôfsletten en is de súdlike helte iepen. Der bliuwt dus altyd in part (helte fan it strân) iepen foar rekreaasje. Rekreanten wurdt fersocht goed op de buorden en stekken te letten en yn ferbân mei de feiligens net yn de dielen te kommen dy't ôfsletten binne.
Versterken Friese IJsselmeerkust
Yn it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust wurkje oerheden en natuerorganisaasjes gear oan in sterke en feilige Iselmarkust, mei omtinken foar natuer, lânskip en rekreaasje. It Soal by Warkum is ien fan de grutste dielprojekten fan Versterken Friese IJsselmeerkust. Nei in eardere oplevering fan de swimtrep yn Laaksum, natuergebiet De Mokkebank by Laaksum, it opknappen fan de Makkumer Noardwaard en de Plattedyk by De Lemmer is dit ien fan de folgjende projekten. It Ryk stelde goed € 13 miljoen beskikber foar Versterken Friese IJsselmeerkust. De regio foege dêr noch € 5 miljoen oan ta.
Mear ynformaasje: www.frieseijsselmeerkust.frl.