Start projekt Pleats op ‘e kaart en Paadwizer Werbestimming Fryske Pleats
Hoefolle pleatsen hat Fryslân, hokker typen binne der en wat binne harren skaaimerken? Dy fragen kinne wy troch in inisjatyf fan de Boerderijenstichting Fryslân, Tresoar en de provinsje Fryslân oer in skoft beäntwurdzje. Der wurdt in spesjale kaartlaach makke oer ús Fryske pleatsen op de Kultuerhistoaryske Kaart (CHK) fan de provinsje.
De inisjatyfnimmers wolle de pleatsen letterlik yn kaart bringe. Fryslân is grutsk op syn pleatsen. It behâld en de ûntjouwing dêrfan is foar de kultuerhistoaryske en lânskiplike wearden fan grut belang. Fryslân soe Fryslân net wêze sûnder syn pleatsen. Wy neame ús pleatsen ommers ek wol “de katedralen fan it lânskip”?
Mienskipsprojekt
It yn kaart bringen fan goed 8.000 pleatsen kin allinnich mei help fan ynwenners, eigeners en leafhawwers fan pleatsen. Dit wurdt in mienskipsprojekt!
Wy nûgje alle Fryske eigeners fan pleatsen út om de feiten fan harren pleats yn te foljen op in formulier op de webside fan de Boerderijenstichting Fryslân. De útnûging is ek foar histoaryske ferieningen en doarpshistoarisy. Faak leit by harren weardefolle ynformaasje, dy't no mei in breed publyk dield wurde kin.
Wichtich foar behâld, draachflak en takomst fan pleatsen
Mei dizze ynventarisaasje komt der better sicht op hokker pleatsen oft der binne, wêr't se steane, mar ek de typen pleatsen en it grien der omhinne lykas it hiem. Deputearre Eke Folkerts die de starthanneling troch it ynfoljen fan in formulier fan in pleats.
Deputearre Eke Folkerts: “Pleatsen hearre by Fryslân. Se fertelle it ferhaal fan de bewenners, de generaasjes dy’t dêr wurke en libbe hawwe. Dat ferhaal is de basis fan hjoed en fan takomstige generaasjes. Dizze gearwurking sil derfoar soargjen dat de ferhalen byinoar komme. Wês dêr wiis mei!”
De ynformaasje wurdt as iepen data beskikber steld, sadat elkenien se frij brûke kin. Der wurdt nei stribbe om yn de database úteinlik sa'n 8.000 pleatsen te hawwen. Tresoar wurket oan it inisjatyf mei fia in keppeling mei syn grutte fotokolleksje, dêr't withoefolle pleatsen yn te finen binne.
Lange azem: projekt fan mear jierren
Nei it opheljen en bewurkjen fan data troch de Boerderijenstichting, keppelje wy dy oan de provinsjale Kultuerhistoaryske Kaart. De rûzing is dat it projekt mear jierren duorret. By it projekt is omtinken foar hoefolle ynformaasje oft der mist en der al is. Foar it ferwurkjen fan de data siket Boerderijenstichting Fryslân noch frijwillige meiwurkers! Oanmelde kin fia de webside.
Paadwizer foar werbestimming pleatsen: wat binne de mooglikheden?
Binnen de provinsjale regels kinne pleatsen en harren hiemen nei it beëinigjen fan de agraryske aktiviteiten foar ferskate nije funksjes in nije bestimming krije. Of eigeners kinne net-karakteristike bygebouwen slope en dêrfoar wenten werom bouwe (romte foar romte). Tredde opsje is: eigeners dy't wat oars meitsje wolle fan harren pleats: in transysje of nije bestimming. Provinsje Fryslân hat mei buro Bügel Hajema in hantrekken (of paadwizer) makke, wêrby't dúdlik wurdt wat de mooglikheden en regels yn dy trije gefallen binne.
Takomstperspektyf pleatsen
It doel fan de hantrekken (of paadwizer) is: in takomstperspektyf sjen litte foar frijkommende pleatsen binnen de regels fan de Omjouwingsferoardering fan de provinsje.
Deputearre Eke Folkerts: “Wy wolle dizze dragers fan ús erfgoed en lânskip behâlde en ûntwikkelje. Der is binnen de regels al in hiele protte mooglik dat net altyd sa bekend is en dêrom ha wy yn dizze hantrekken (of paadwizer) ynspirearjende foarbylden en stappeplannen jûn foar eigeners en harren adviseurs.”