Hearlik, in flo-frij libben! Paksto it al snoad oan? Sa foarkomme je gif yn ús natuer

Soms is it nedich om dyn hûn of kat te behanneljen foar flieën of tiken. Dat snappe wy. Mar witst dat floaiemiddels dyn húsdier beskermje, mar skealik binne foar it wetterlibben en fûgels? Fia waskjen, swimmen of boarsteljen komme se yn sleat of fiver telâne. Mei in pear tûke karren foarkomme je dat. Sa beskermje je net allinnich je eigen bist, mar ek de natuer.

Fan húsdier nei sleat: hoe't dat gif yn it wetter komt 

Yn Fryslân wenje tsientûzenen gesinnen mei ien of mear hûnen of katten. In soad fan dizze bisten krije ier of let in fliey- of tekenbehanneling, fia in pipet, tablet of bantsje. Yn dy middels sitte stoffen lykas imidaclopsinen en fipronil. Gif dat yn de lânbou net mear brûkt wurde mei, mar wol noch yn bistegenêsmiddels sit.

Fia swimmen, waskjen, poep, plas of hier kinne dizze stoffen yn it oerflaktewetter telâne komme, en ek yn fûgelnestjes en aaien fan wylde fûgels. Ut (wetter)mjittings docht bliken dat se dêr geregeld foarkomme. Soms yn hoemannichten dy't boppe de noarm lizze. Pykjes kinne net mear út it aai komme of oerlibje de nêstfaze net.

Net allinnich flieën geane dea 

Dizze stoffen deadzje net allinnich flieën, mar ek alle ynsekten lykas libellelarven, krobben en oare lytse bistjes. Dy binne wichtich foar it lykwicht yn de natuer. En foar oare bisten, lykas fisken, kikkerts, stikelbargen en fûgels, dy't dizze ynsekten as fretten nedich hawwe. 

Dit soarget ek foar ekstra útdagingen, want it makket it dreger om te soargjen foar skjin wetter.

Een poster waar een hond in het water springt en een kat in bad ligt. Staat onder: WACHT! voordat jouw hond erin springt. Of je kat een bad krijgt…
WACHT! voordat jouw hond erin springt. Of je kat een bad krijgt…

Sa helpst as baaske mei oan skjin en sûn wetter 

Troch bewust om te gean mei floaiemiddels, beskermst it wetterlibben en oare organismen én draachst by oan skjin (drink)wetter foar minske en bist. Dit kinst dwaan:

  • 📖 Lês altyd de bysluter en folgje de gebrûksoanwizing of freegje dyn bistedokter advys.
  • 🚿 Wachtsje efkes mei waskjen of swimmen nei behanneling mei in pipet of itte; op syn minst twa dagen.
  • 🐶 Brûk je in floaiebantsje? Doch dizze efkes ôf foar it waskjen of swimmen en doch it dêrnei wer om.
  • 💩 Sromje poep en hier op en smyt se by it restôffal. Ek ast biologysk ôfbrekbere pûdsjes brûkst of bûten boarstelest.
  • ♻️ Lever restjes fan floaimiddels of oare diergenêsmiddels yn by dyn bistedokter of by it lyts gemysk ôffal.
Vier rondjes naast elkaar waarin een kat en een hond vertellen dat ze tegen vlooien zijn en dat de baasjes goed bezig zijn.

Foarkomme is better as genêze 

Troch flieën foar te kommen, ferfanst de kâns datst bestridingsmiddels nedich hast. 

Dizze tips helpe dêrby:

  • 🛏️ Hâld in besmet bist efkes apart om oare bisten net oan te stekken.
  • 🧹 Stofsiik en dweil geregeld de plakken dêr't dyn hûn of kat faak leit.
  • 🧺 Waskje tekkens en kessens op 60°C om flieëaikes dea te meitsjen.
  • 🔍 Kontrolearje geregeld op flieën, sadatst op'e tiid en myld yngripe kinst.
  • 🌿 Lit dyn húsdier faker yn eigen tún of binnenboartsje, seker by in besmetting.

Watst as bisteprofessionals dwaan kinst? 

As bistedokter, trimsalon, dierespesjaalsaak of dierepensjon hast in wichtige rol. Jou klanten útlis oer it goede brûken fan flieëmiddels (en oare... sjoch boppe). 

Wiis harren bygelyks op it belang fan: 

  • it goed opfolgjen fan de gebrûksoanwizing,
  • tydlik ophâlde mei waskjen of swimmen nei behanneling,
  • en it soarchfâldich opromjen fan hier en poep.

Wat kinne je dwaan as biste- of natuerorganisaasje en as gemeente? 

Wol dyn organisaasje meidwaan oan de kampanje? Dat kin maklik troch de materialen hjirûnder te downloaden. Yn de toolkit fynst ferskate kommunikaasjemiddels wêrmei'tst it boadskip fan de kampanje ferspriede kinst. 

Dizze middels binne fergees en rjochtenfrij te brûken oant en mei desimber 2025 op: websides, social media, narrowcasting, nijsbrieven en oare kommunikaasjekanalen.

Campagnemiddelen downloaden

Tekst te brûken foar sosjals:

🐾 Vlooienmiddel? Denk ook aan het waterleven, de insecten en vogels!
Even niet wassen of zwemmen na de behandeling, haren bij het restafval, restjes inleveren. Zo help je dier én natuur. 💙
👉 fryslan.frl/slimmevlooienbehandeling

🐾 Flieëmiddel? Tink ek oan it wetterlibben!
Efkes net waskje of swimme nei de behanneling, hier by it restôffal, restjes ynleverje.
Sa helpst bist én natuer. 💙
👉 fryslan.frl/slimmevlooienbehandeling

Wat dogge provinsje en wetterskip? 

By Wetterskip Fryslân en provinsje Fryslân wolle wy foarkomme dat skealike stoffen yn it wetter en miljeu telâne komme. Wat der net yn komt, hoecht der ek net út. 

Dêrom dogge wy op ferskate wizen ús bêst om it wetter skjin te hâlden. Sa wurkje wy binnen it Deltaplan Agrarysk Wetterbehear (DAW) oan it ferminderjen fan de emisje fan gewaaksbeskermingsmiddels yn de lânbou. Wy tinke der ek om dat dizze middels op de goede wize brûkt wurde.

Dêrneist kontrolearje wy oft der gjin gemyske stoffen yn it rioel of it oerflaktewetter lost wurde. As dat dochs bart, gripe we yn. 

De provinsje stimulearret en stipet om it brûken fan pestisiden te ferminderjen, yn gearwurking mei kwekers, oare oerheden, ûndersikers en oare bedriuwen. Guon stoffen dy't offisjeel brûkt wurde meie, komme wy yn noarm oerskriuwende hoemannichten tsjin yn it wetter. Yn sokke gefallen freegje we oare oerheden om dêr wat oan te dwaan. Bygelyks troch kritysk te sjen nei hokker middels noch tastien binne.

Op "e webside fan MilieuCentraal kinne jo ek ynformaasje oer dit ûnderwerp fine.

Fragen & Antwurden

Hokker stoffen sitte yn floaiemiddels en yn guon oare middels tsjin pleachorganismen?

In soad brûkte wurksume stoffen binne:

  • imidacloprid;
  • fipronil;
  • deltamethrin;
  • fluralaner;
  • lufenuron;
  • spinosad, en oare.

Dizze middels binne effektyf, mar ek giftich en dat dus net allinnich tsjin flieën. 

De middels binne der yn ferskillende foarmen: 

  • 💊 tabletten of ynjeksjes (ynwindich)
  • 💧  sprays en pipetten (útwindich)
  • 📿  Flieëbantsjes dy't stadichoan gif ôfjouwe fia de facht

Hoe wurkje flieëmiddels?

Guon middels brûke je om in floaieprobleem te bestriden, oaren krekt om foar te kommen dat je bist besmet reitsje. Yn dat lêste gefal moatte je hûn of kat geregeld behannele wurde. 

Der binne ferskate wizen wêrop't dy stoffen oan it bist tatsjinne wurde: 

  • Tabletten of ynjeksjes (ynwindich gebrûk)
  • Sprays en pipetten (útwindich gebrûk)
  • Flieëbantsjes dy't it gif stadich fia de facht ôfjouwe 

De stoffen deadzje bygelyks it flo sels, of foarkomme dat aaikes en larven harren ûntwikkelje. Faak binne meardere behannelingen nedich om in besmetting goed oan te pakken.

Wat binne de risiko's fan flieëmiddels?

Flieëmiddels binne makke om ynsekten dea te meitsjen, en dat dogge se goed. Mar de wurksume stoffen meitsje gjin ûnderskied tusken in flo en in oar ynsekt. Se kinne dus ek libellelarven, krobben en oare lytse wetterbistjes oantaaste. Dat hat gefolgen foar it hiele ekosysteem. In soad fan dy ynsekten binne nammentlik fretten foar fisken, fûgels, stikelbargen en kikkerts. As sy ferdwine, reitsje ek dizze bisten yn'e knipe.

Binne der alternativen?

Der wurde biologyske of minder skealike alternativen oanbean, mar dy binne net altyd like effektyf. Oerlis hjiroer mei de bistedokter.

Wat fine provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân fan it brûken fan floaiemiddels?

It is dûbeld. We snappe dat it soms nedich is om je bist te behanneljen tsjin flieën of tiken. Dyn hûn of kat kin der ommers goed siik fan wurde. Mar we wolle seker foarkomme dat dizze stoffen yn it miljeu telâne komme. 

Dêrom freegje wy om tige soarchfâldich gebrûk en omgong mei dy middels.

Hoe komme gifstoffen fan floaiemiddels yn it wetter?

De gifstoffen fan floaiemiddels kinne op ferskate wizen yn it oerflaktewetter telâne komme: 

  • Streekrjocht: bygelyks as jo hûn koart nei de behanneling swimme of yn 'e rein rint mei in floaiebantsje.
  • Fia poep, hier of hûdskilfers: benammen by hûnen en katten dy't bûten komme of boarstele wurde.
  • Troch it rioel: troch waskjen fan dyn dier of syn tekkentsje, troch de hannen ast dyn bist aaist en dêrnei dyn hannen waskst, of as restjes troch de goatstien spield wurde. 

Rioelwettersuveringsynstallaasjes kinne dy stoffen meastal net goed fuorthelje. Dêrtroch komme se dochs noch yn it oerflaktewetter telâne.

Dizze middels lykje ek yn fûgelnestjes telâne te kommen. De oarsaak fan stjerte ûnder pykjes yn it aai en fan hiele jonge wylde fûgeltsjes yn it nêst is noch net hielendal helder. Der rint noch ûndersyk nei. Mar de bestridingsmiddels binne wol oantroffen yn de aaien en jonge (somtiden net berne) pykjes.

Een kat met een tekstballon waarin staat: Yo Baas, do bist tûk dwaande hear!
Een hond met een tekstballon waarin staat: Zeg maar go tegen de vlo!