SKYLD: as sûnens, ûndernimmerskip én GLB-subsydzje byinoar komme yn in iisko

Wat krijst ast twa sûnensleafhawwers, in skieppeboer, in iismaster en in flinke doasis Fryske ynnovaasje byinoar bringst? Krekt: SKYLD: in ferruklik én streksum skieppemelkiske mei in missy. En sûnder de GLB-subsydzje? Dan hie dit alles der wierskynlik (noch) net west.

Een man staat met een kuipje ijs van SKYLD op de foto.

Yn petear mei SKYLD-oprjochtster Tara de Jong 

Wat begûn as in syktocht nei in alles-yn-ien supplemint foar sporters, groeide út ta in produkt mei noch mear impact. Inisjatyfnimmers Tara en Mathijs tochten yn earste ynstânsje oan in poeiermiks mei alle essinsjele boustiennen: aaiwiten, fitamines B, D, K, magnesium, HMB en kreatine. Dy lêste soarget foar mear bloedtafier ta de spieren én de harsens. It is dus net allinnich bedoeld foar sporters, mar just ek foar âlderen, minsken dy't net in soad bewege, by spierôfbraak of ûnder herstel. Harren idee: iten moat net allinnich lekker en lokaal wêze, mar ek tûk en trochtocht. 

Doe't de miks klear wie, kaam de gearwurking mei in boer dy't yoghurt makket fan Lacaune skieppemolke op harren paad. En sa't dat giet mei goede ideeën: ynienen foel alles op syn plak. " Earst wie it idee om de poeier yn yochert te mingen ta Mathijs: wat as wy der iis fan meitsje? IIs is hâldber, tagonklik én in genot om te iten. Sa waard SKYLD berne. ”

Unyk yn syn soarte 

De Lacaune is in skiepperas út Frankryk. Dizze skiep binne sterk, jouwe in soad molke mei ekstra aaiwiten én it ferskil sit yn de smaak. Yn Frankryk wurdt de molke brûkt foar de ferneamde Roquefortkaas. Der binne yn Nederlân mar trije boeren dy't Lacaune-skiep hâlde. SKYLD is de iennige partij dy't fan dizze aaiwytrike molke iis makket. De smaak? Sêft, romich en ferrassend swiet. "Regelmjittich hearre we: Hè? Dit priuwt hielendal net nei skieppemolke!" - in reaksje dêr't we stikem grutsk op binne. ” 

Mar SKYLD is mear as allinnich iis. It is in útnûging om nei te tinken oer sûnens, gewoanten en komôf."Wy wolle fan Fryslân de sûnste provinsje fan Nederlân, en dêrbûten, meitsje. Net mei in 'sabeare fingerke', mar wól troch bewustwurding. In SKYLD-ijsje soarget net allinnich foar in aaiwyt boost, it bringt ek goede petearen oer sûnens op gong."

De krêft fan gearwurking 

It resept waard ûntwikkele mei iismaster Wiebe de Jong fan Dokkum, dy't syn oplieding geniete yn Italië. De molke komt fan famyljebedriuw Rispens yn Moarre en de earste krityske smaakpanels bestiene út famylje en freonen. Yntusken leit SKYLD by ferskate buorkerijwinkels yn Fryslân yn de friezer en is der groeiende ynteresse út de soarch wei. 

Soarchorganisaasje Hof en Hiem op De Jouwer is ien fan de earsten dy't it iis ynset foar bewenners dy't oansterkje moatte. "It is in traktaasje mei mearwearde. Krekt âlderen hawwe baat by ekstra aaiwiten, fitaminen en mineralen. En iis is in leechdrompelige manier om dat oan te bieden."

Twee vrouwen met witte bloesjes van SKYLD staan op een beurs.

Sûnder subsydzje? Gjin SKYLD 

SKYLD is mei mooglik makke troch GLB-subsydzje. “It skriuwen fan in subsydzje-oanfraach fûnen wy yn it begjin bêst útdaagjend, mar it hat grif fertuten dien. De subsydzje hat ús net allinnich finansjeel op wei holpen, mar ek ferbûn mei in netwurk fan minsken en organisaasjes dy't, lykas wy, Fryslân foarút bringe wolle. It raakflak fan sûnens en ûndernimmerskip fyn ik prachtich. De GLB-subsydzje hat SKYLD absolút mooglik makke!”

De tip oan oare ûndernimmers: “Soargje foar in helder en ambisjeus doel. As dyn projekt earne foar stáát, is de kâns op sukses grutter."

Wat bringt de takomst?

Foar no leit de fokus op SKYLD. Mar oan ideeën gjin gebrek neffens Tara: “It fielt as wurdt dit projekt droegen. We krije sáfolle positive reaksjes, dat is tige motivearjend. Sûnens is wat dêr't elkenien wat mei kin. En as wy dêr op in tagonklike wize in bydrage oan leverje kinne, mei iis nota bene, dan dogge wy dat mei grutskens.”

Mear witte oer SKYLD of it GLB-subsydzjeprogramma? Sjoch op SKYLD | Schapenmelkijs of Gemeenschappelijk Landbouw Beleid (GLB) | Fryslan. De GLB-subsydzje wurdt útfierd troch SNN (Samenwerken aan innovatie EIP 2025 Fryslân | SNN).

Foto's binne makke troch SKYLD