Skoalbern iepenje nije fytstunnels by Boalsert-West
Learlingen fan IKC Sint Maarten út Boalsert hawwe freedtemoarn de twa nije fytstunnels by Boalsert-West offisjeel iepene. Deputearre Matthijs de Vries en wethâlder Bauke Dam joegen mei fytstoeters it startsein, wêrnei't de bern op feestlik fersierde fytsen troch de tunnels fytsten. It krúspunt oan de N359 is fernijd mei in ovale rotonde (ovonde) en twa fytstunnels. Dêrtroch kinne fytsers feilich ûnder de dyk troch en kin it autoferkear better trochride.
De nije fytstunnels ferbetterje de ferkearsfeiligens, benammen foar skoalbern en oare fytsers. Deputearre Matthijs de Vries: “Tanksij de nije fytstunnels hoege fytsers de drokke N359 net mear oer te stekken. Dat makket dizze rûte in stik feiliger. Want úteinlik wolle we allegear itselde: feilich op paad en wer feilich thúskomme.”
Ek de berikberens fan Boalsert is ferbettere. Wethâlder Bauke Dam fan de gemeente Súdwest-Fryslân: “De N359 is in wichtige tagong ta Boalsert. Mei de nije ovonde kin it ferkear better trochride en troch de fytstunnels is der in feilige ferbining foar fytsers, lykas ús skoalbern, wurknimmers en gasten. In moaie ferbettering foar elkenien dy't hjir deistich ûnderweis is.”
Grutte klus yn koarte tiid
Provincie Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân en BAM wurkje sûnt novimber 2024 gear oan it projekt. Yn de simmerfakânsje waard yn sa'n trije wiken it âlde krúspunt ôfbrutsen, waarden de fytstunnels pleatst en waard de ovonde foar in grut part oanlein.
Jetse Hylkema fan BAM: “It wie flink oanpakken, mar troch de ynset fan ús minsken en de goede gearwurking mei Provincie Fryslân en de gemeente hawwe wy mei-inoar in moaie klus klearre.”
Lêste wykeinsôfsluting
It krúspunt is fan freed 23 oktober om 19.00 oere oant moandei 26 oktober om 06.00 oere noch ien kear ôfsletten foar it ferkear. BAM bringt dan de lêste asfaltlagen oan. It ferkear wurdt omlaat. Fan moandeitemoarn ôf is it krúspunt wer iepen.
Mear ynformaasje: N359 Boalsert-West | Fryslan