N358 Skieding

De wurksumheden oan de N358 by sawol de Uterwei as de Skieding binne foar in grut part klear. Mei de oanpassingen dy't útfierd binne, is de ferkearsfeiligens ferbettere en de trochstreaming foar weibrûkers en fytsers fergrutte. De nije ynfrastruktuer, wêrûnder de ovondes, paralleldiken en fytsfoarsjennings, is yntusken yn gebrûk. Allinnich de oanplant fan beammen en hagen moat noch plakfine.

Lêste faze: oanplant fan beammen en hagen 

Ein oktober 2026 start de lêste faze fan it projekt N358 Skieding en Uterwei. Yn opdracht fan Provinsje Fryslân plantet oannimmer Donker Groen B.V. beammen en hagen lâns de dyk. De wurksumheden rinne troch oant ein jannewaris 2027.

Under it plantsjen bliuwt de N358 iepen en binne wenningen en hiemen berikber. Wol jildt op plakken dêr't wurke wurdt tydlik in legere maksimumsnelheid. Ek kinne fytsers wat hinder ûnderfine, omdat de wurksumheden safolle mooglik fan it fytspaad ôf útfierd wurde. Omliedings binne net nedich.

Planning wurksumens 

De beplanting wurdt yn ferskate fazen oanbrocht: 
Wike 44: ynrjochting fan in opslachplak foar beammen en hagen yn Surhuzum.

  • Wike 45: tusken it carpoolterrein by de A 7 en de ovonde Leidijk.
  • Wike 46 en 47: tusken de ovonde Leidijk en de ovonde Wildveld.
  • Wike 48 en 49: tusken de ovonde Wildveld en de ovonde It Langfal by Surhuzum.
  • Wike 50: tusken de ovonde It Langfal en de fytstunnel by de Rysloane.
  • Wike 51: tusken de fytstunnel en de brêge Blauferlaet.
  • Wike 1 (2027): tarieding fan de oanplant fan beammen.
  • Wike 2, 3 en 4 (2027): oanplant fan beammen op perselen lâns de bermsleatten tusken it carpoolterrein by de A 7 en de brêge Blauferlaet.

De planning is ôfhinklik fan it waar en kin dêrtroch wizigje.

Feestlik plantmomint op 6 novimber 

Op freed 6 novimber 2026 wurdt de start fan de lêste faze markearre mei in feestlik plantmomint. Deputearre Matthijs de Vries plantet tegearre mei omwenners en oare belutsenen de earste beam.

It plantmomint fynt plak fan 13.30 oant 14.30 oere by de ovonde Wildveld. Belangstellenden binne wolkom en oanmelde is net nedich.

De oanwenners tusken Blauferlaet en de A7 hawwe in bewennersbrief krigen mei útlis dêr't wannear't it plantwurk útfierd wurdt mei kontaktgegevens fan de oannimmer. Mochten jo dy net ûntfongen hawwe, dan kinne jo kontakt mei ús opnimme fia 058 -292 59 25 of provincie@fryslan.frl

Contact

Heeft u vragen of opmerkingen over dit project? Dan kun u contact opnemen met het klantcontactcentrum via provincie@fryslan.frl of door te bellen naar 058 292 59 25 van maandag tot en met vrijdag tijdens kantooruren.