Sichtberens Fryske Taal
De regeling hat ta doel om de sichtberens en it brûken fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte yn Fryslân te fergrutsjen. De regeling befettet de folgjende subsidiabele aktiviteiten, mei byhearrende subsydzjeplafonds:
1. Aktiviteiten neamd of fuortfloeiend út it Beliedsplan Fryske taal, útsein de meartaligenskoördinatoaren.
- Iepen fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 10 desimber 2026;
- Totaal subsydzjeplafond € 80.000,-;
- Oan te freegjen troch in yn de provinsje fêstige desintrale oerheid.
2. It ynsetten fan ûnôfhinklike meartalichheidskoördinatoaren by gemeenten.
- Iepen fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 31 desimber 2027;
- Totaal subsydzjeplafond € 1.257.000, - (sjoch iepenstellingsbeslút foar ferdieling per gemeente);
- Oan te freegjen troch gemeenten yn Fryslân.
3. Pleatsing / publikaasje fan Fryske teksten yn de fysike of digitale iepenbiere romte.
- Iepen fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 10 desimber 2026;
- Totaal subsydzjeplafond fan € 75.000,-;
- Oan te freegjen troch yn de provinsje Fryslân fêstige privaatrjochtlike rjochtspersoanen, ienmanssaken of persoanennoatskippen;
- Advys Afûk ferplichte, nim earst kontakt op fia ynfo@praatmarfrysk.nl. It advys heakje jo dêrnei oan de oanfraach ta.
Oanfraach yntsjinje
Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje. It digitale oanfraachformulier wurdt fan 10 febrewaris 9:00 oere ôf aktyf, dus jo kinne fan dat stuit ôf de oanfraach yntsjinje.
Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes);
- Projektplan;
- Begrutting, sjoch format;
- Skriftlike beoardieling fan Afûk (by ûnderdiel c. pleatsing/publikaasje fan Fryske teksten);
- In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
- By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om te ûndertekenjen (úttreksel Keamer fan Keaphannel en evt statuten).
Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.
Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of oer e-mail fia provincie@fryslan.frl.