Wy freegje dat jo de ynformaasje hjirûnder sekuer lêze foardat jo it formulier ynfolje.
Jo hawwe eHerkenning nivo 2+ (by gemeenten of as rjochtspersoan) nedich om dit formulier yn te foljen. As jo as partikulier machtige binne foar it dwaan fan dizze oanfraach foar in rjochtspersoan, dan kinne jo jo eigen DigiD brûke. Wol moatte jo dan de rjochtsjildige machtiging uploade en KvK en eventueel statuten. Mear ynformaasje oer eHerkenning is hjir te finen.
- De aktiviteit dêr’t subsydzje foar ferliend wurde kin, moat foldwaan oan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân, Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022 en oan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025
Tink derom:- Mei it ferstjoeren fan dizze oanfraach stimme jo yn om fia it opjûne emailadres in ûntfangstbefêstiging te krijen.
- Wy akseptearje in bestânsgrutte fan op syn heechst 40 mb per taheakke.
- It beslút op jo oanfraach nimme wy maksimaal 13 wiken nei ûntfangst fan in folsleine oanfraach.
- Jo kinne dizze oanfraach fiif dagen bewarje neidat jo ynlogt binne.