ROF Wurkplan 2027
Op it goede momint yn dyn libben ferkearsedukaasje krije. Dat is it efterlizzende idee fan it nije Mearjierren Utfieringsprogramma Ferkearsfeiligens 2021 -2030 (Meerjaren Uitvoeringsprogramma Verkeersveiligheid 2026-2030). Under rezjy fan it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF) helpe alle Fryske gemeenten en de ferkearsfeiligenspartners by it organisearjen en útfieren fan ferkearsprojekten en foarljochtingsaktiviteiten. De gemeenten stelle dêr sels ek alle jierren in eigen aktiviteiteprogramma foar op.
Yn it ROF Werkplan 2027 is in oersjoch opnaam fan alle ferkearsedukaasjeprojekten en publyksaksjes dy't nei ferwachting yn 2027 útfierd wurde. It ROF Werkplan 2027 is fan 1 oktober 2026 ôf ûnder embargo en wurdt definityf fêststeld nei acht wiken iepenstelling.