Op it goede momint yn dyn libben ferkearsedukaasje krije. Dat is it efterlizzende idee fan it nije Mearjierren Utfieringsprogramma Ferkearsfeiligens 2026 -2030 (Meerjaren Uitvoeringsprogramma Verkeersveiligheid 2026-2030)). Under rezjy fan it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF) helpe alle Fryske gemeenten en de ferkearsfeiligenspartners by it organisearjen en útfieren fan ferkearsprojekten en foarljochtingsaktiviteiten. De gemeenten stelle dêr sels ek alle jierren in eigen aktiviteiteprogramma foar op. 

Yn it ROF Werkplan 2026 is in oersjoch opnommen fan alle ferkearsedukaasjeprojekten en publyksaksjes dy't yn 2026 útfierd wurde. It ROF Werkplan 2026 is definityf fêststeld op 12 novimber 2025.

ROF Wurkplan 2026