Provinsje wol mei eigen oanpak Fryslân fan it stikstofslot helje
It kolleezje fan Deputearre Steaten Fryslân hat tiisdei de Friese Aanpak Stikstofreductie & Natuurherstel (FASN) fêststeld. Dêrmei docht it kolleezje in passend en útfierber foarstel om Fryslân sa gau mooglik wer fan it slot te krijen. Provinsjale Steaten hawwe yn maaie winsken en betinkingen meijûn oan de startnotysje dy't oan de basis leit fan dy oanpak. Dêrneist hat oerlis west mei de lânbousektor, natuerorganisaasjes, gebietsinisjativen, mei-oerheden en fertsjintwurdigers út ûnder oare de sektoaren bou, transport en enerzjy. It resultaat is in beliedsramt foar in praktysk útfierbere oanpak, juridysk hâldber en passend by de Fryske situaasje en gebieten.
It wichtichste doel is om de ferliening fan natuerfergunningen wer breed en struktureel op gong te bringen sadat der yn Fryslân wer romte komt foar wenningbou, ynfrastruktuer, lânbou en enerzjyprojekten. Dêrby is natuerherstel in krúsjale betingst. De Fryske oanpak leit op 28 oktober foar ta beslútfoarming oan Provinsjale Steaten.
Lânbouprovinsje
Foar Fryslân as lânbouprovinsje is it loskrijen fan de fergunningferliening it wichtichste doel. Deputearre Abel Kooistra: “Foar Fryslân as lânbouprovinsje is it krúsjaal dat der wer perspektyf komt foar ús boeren en de fergunningferliening fan it slot giet. Wy kieze foar in Fryske oanpak: tegearre mei de sektor, op basis fan frijwilligens, doelstjoering en romte foar ûndernimmerskip. Boeren witte faak sels it bêste wat by harren bedriuw past. Troch dêrop te betrouwen, ynnovaasjes te benutten en resultaten goed te monitoarjen, wurkje wy oan stikstofreduksje én in sterke lânbousektor.”
Natuerherstel as doel en betingst
Mei de Fryske oanpak wol it kolleezje foldwaande natuerherstel realisearje om fergunningferliening wer mooglik te meitsjen, binnen de sosjaalekonomyske draachkrêft fan Fryslân. Deputearre Matthijs de Vries: “Sterke natuer en romte foar ûntwikkeling geane hân yn hân. Mei dizze Fryske oanpak pakke wy natuerherstel rjochte oan, gebiet foar gebiet. Sa wurkje we ta nei in situaasje wêryn't we fergunningferliening wer ferantwurde op gong bringe kinne en Fryslân wer romte krijt om te bouwen en te ûntwikkeljen.”
Fryslân sjocht net allinnich nei it ferminderjen fan stikstof, mar ek nei oare faktoaren dy't de natuer beynfloedzje. Tink oan ferdrûging, fersnipeling fan natuergebieten, ûnfoldwaande behear, gewaaksbeskermingsmiddels en plante- en bistesoarten dy't fan natuere net yn Fryslân foarkomme (eksoaten) en skealik wêze kinne.
Gebietsrjocht maatwurk en frijwilligens
Wichtige útgongspunten yn de Fryske oanpak binne doelstjoering, gebietsrjocht maatwurk en frijwillichheid. Undernimmers kinne sels bepale mei hokker maatregels oft se de fermindering fan stikstofútstjit realisearje. Dizze frijwillige oanpak jildt oant 2035, wêrby't der yn 2030 in evaluaasjemomint is om te beoardieljen oft de ynset oanpak genôch effekt hat. Om te folgjen oft de doelen helle wurde, wurket de provinsje ûnder oare oan de Fryske Monitor Tûk Buorkjen. Dit ynstrumint wurdt mei in grut tal Fryske boeren ûntwikkele.
De Fryske oanpak wurket lâns fjouwer spoaren:
- Ekstra natuer (herstel)maatregels yn alle (12) stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten.
- Gebietsrjochte natuerwerstelmaatregels bûten de Natura 2000-gebieten. Tink oan hydrologyske maatregels om ferdrûging oan te pakken. Op de Waadeilannen leit de situaasje oars om't stikstof hjir in minder grutte faktor is.
- In algemiene, provinsjebrede stikstofreduksje fan 30% (yn 2035 foar 2019), útsein de Waadeilannen. Dit persintaazje is foar de measte ûndernimmers helber troch oanpassingen yn de bedriuwsfiering, sûnder grutte ynvestearrings te dwaan. Op dizze wize draacht elk in stientsje by.
- Foar de trije meast belêste gebieten yn Súdeast-Fryslân (Bakkeveense Duinen, Fochteloërveen en Drents-Friese Wold) set it kolleezje yn op gebietsrjochte zonering mei oanfoljende doelen en maatregels. De kar foar dy 3 gebieten is basearre op de meast resinte ekologyske kennis en is genôch foar de Fryske opjefte.
Earder perspektyf
In wichtich ûnderdiel fan de Fryske oanpak is it oergongsbelied. Dêrmei wol it kolleezje de fergunningferliening ûnder betingsten earder mooglik meitsje foar projekten dy't bydrage oan ferduorsuming en strukturele stikstofreduksje. Fryslân wurket dêrom, foarútrinnend op it folslein boarge maatregelpakket, oan juridysk hâldber oergongsbelied. Dêrby siket it kolleezje mei klam nei de balâns tusken snelheid en soarchfâldigens. De ynset is om de fergunningferliening sa gau mooglik wer op gong te bringen en tagelyk genôch juridyske wissichheid te bieden oan inisjatyfnimmers. In wichtich punt fan omtinken dêrby is dat fergunningen dy't op basis fan it oergongsbelied ferliend wurde, ek by de rjochter stânhâlde. Sa wol it kolleezje perspektyf biede foar needsaaklike ûntwikkelings en tagelyk de juridyske hâldberens fan de fergunningferliening sa goed mooglik boargje. De ynset is helder: gau dêr't it kin, soarchfâldich dêr't it moat.
FASN en Ryksbelied
Mei de FASN kiest Fryslân foar in oanpak dy't oanslút by de Fryske situaasje en winsken. De útgongspunten yn de Fryske oanpak binne de basis foar de petearen mei it ministearje fan Landbouw, Visserij, Voedselzekerheid en Natuur (LVVN), dy’t ûnderwilens opstart binne, dit n.o.f. de Keamerbrief ‘Weer ruimte voor boer, natuur en bouw’ fan 26 juny jl. Ryk en provinsje diele de urginsje foar it trochbrekken fan it stikstofslot. It kolleezje sjocht yn de Keamerbrief wichtige punten dy't oanslute by de Fryske oanpak, lykas de keppeling tusken natuerherstel en fergunningferliening, doelstjoering, gebietsrjochte maatwurk en stypjende maatregels en subsydzjes. Op oare punten is it kolleezje kritysk. It giet dan ûnder mear om de foarstelde fermindering fan 42-46% stikstofútstjit (lanlik), it tal gebieten dêr't ekstra regels jilde soene (Fryslân kiest foar trije gebieten mei zonering) en de regels dy't it Ryk stelle wol, lykas de grûngebondenheidsnoarm en de bedriuwsspesifike emisjenoarm, keppele oan it fosfaatrjocht. Dêr wêr't de Fryske oanpak ynset op frijwilligens oant 2035, giet it Ryk út fan in rapper en twingender paad. Dit binne de ûnderwerpen fan petear mei it ministearje.