Provinsje start ynformaasjeronde oer regels foar it graven yn de boaiem (ûntgrûningen)

Silst yn 'e boaiem grave? Bygelyks in sleat of fiver. Of silst agraryske perselen egalisearje of in boaiemferleging yn natuergebiet dwaan? Dan hawwe je dêr hast altyd in fergunning foar nedich of moatte je in melding by de FUMO dwaan.

Om de regels mear bekend te meitsjen is de provinsje in brede ynformaasjeronde úteinset. Ynset hjirby is bewustwurding en it jaan fan konkrete ynformaasje oer hoe en wêr'tst in fergunning oanfregest of melding dochst. 

Gemeenten en 5500 adressen krije ynformaasjebrief mei flyer

Fan juny 2026 ôf krije alle Fryske gemeenten en sa'n 5500 grûnfersetbedriuwen, grut grûnbesitters, agrariërs en leanwurkers in ynformaasjebrief mei flyer oer hoe't hanneljen foarôfgeand oan in ûntgrûning. 

Doel is it foarkommen fan ûnwerstelbere boaiemskea

Deputearre Matthijs de Vries: “Mei de bewustwurdingskampanje wolle wy ûnherstelbere skealike gefolgen foar boaiemlibben, natuerwearden, wetterhúshâlding, archeologyske wearden en lânskipswearden foarkomme. Mei in brief en flyer sette we yn op bewustwurding en praktyske ynformaasje oer regels en it oanfreegjen fan in fergunning of it dwaan fan melding. Wat my oanbelanget in moaie klantfreonlike oanpak.”

Silst grave? Nim dan altyd earst kontakt op mei de FUMO!

De FUMO fiert foar de provinsje (befoege gesach) wetlik taken út. It giet dêrby bygelyks om it jaan fan ynformaasje, it beoardieljen fan fergunningoanfragen en meldingen en it útfieren fan kontrôles en hanthavening. Dus silst grave yn de boaiem? Nim dan altyd kontakt op mei FUMO; telefoan: 0566 - 750 300 en e-mail; VSA@fumo.nl. Mear eftergrûnynformaasje en ynformative filmkes fine jo op www.fumo.nl/alle-themas/ontgrondingen.