Provinsje makket programmearring ferkearsfeiligens bekend

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren de provinsjale diken fierder ferbetterje op it mêd fan ferkearsfeiligens. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dêrfoar de programmearring Ferkearsfeilige Ynfrastruktuer 2027–2031 fêststeld. Dêrmei is no dúdlik hokker maatregels de provinsje fan 2027 ôf útfiere sil. Jierliks is dêrfoar goed €6 miljoen beskikber. Mei it programma wurket de provinsje oan in feiliger wegenet foar alle weibrûkers.

De kommende jierren set de provinsje yn op in breed pakket oan maatregels, ferspraat oer hiel Fryslân. Dêrby giet it ûnder mear om it ferbetterjen fan bermen en geleiderails, it oanpassen fan krúspunten en rotondes en maatregels op drokke fytsferbiningen en trochfytsrûtes. Ek bliuwt der romte foar flugge yngrepen by akute knyppunten op it mêd fan ferkearsfeiligens.

“Ferkearsfeiligens freget trochgeand om omtinken en ynvestearrings,” seit deputearre Matthijs de Vries. “Mei dizze programmearring sette wy in wichtige stap om ús provinsjale diken feiliger te meitsjen foar elkenien dy't dêr alle dagen gebrûk fan makket: automobilisten, fytsers, lânbouferkear en it iepenbier ferfier.”

Fytsoerstekken

Binnen de programmearring is der spesjaal omtinken foar fytsoerstekken op provinsjale diken. Ut ûndersyk docht bliken dat der yn Fryslân hast seishûndert fytsoerstekken binne. In grut part dêrfan is de ôfrûne jierren al feiliger ynrjochte, bygelyks mei in fytstunnel, rotonde of middengelieder. Mei it ekstra budzjet kin de provinsje no ek op oare lokaasjes maatregels nimme, passend by de situaasje en it risiko op ûngemakken.

Konkrete foarbylden

Yn de programmearring steane projekten ferspraat oer de hiele provinsje. Foarbylden fan maatregels dy't yn 2027 op de planning steane, binne ferbetteringen oan fytsoerstekken by Finkum, Hijum en Stiens (N357), maatregels oan bermen en geleiderails lâns De Centrale As (N356) en de N359 tusken Boalsert en Ljouwert, en de ombou fan it krúspunt by Hoek fan de Bant (ûnder Lauwerseach) ta in ovonde (N361).