Provinsje Fryslân lansearret frijwilligerskampanje op jubileumedysje Oerrock

It Oerrock festival belibbet hjoed in feestlike iepening, wêrby't de provinsjale kampanje ‘Frijwilligers meitsje it mooglik’ offisjeel lansearre wurdt. De lansearring is in mienskiplike aksje mei Oerrock, ta eare fan harren 25 - jierrich jubileum en harren suksesfolle skiednis yn it winnen fan frijwilligers. 

Op it haadpoadium fan Oerrock fersoargen Deputearre Sijbe Knol fan de provinsje Fryslân en Sietze Boonstra fan Oerrock de kick-off fan de kampanje. Under it tasjend each fan mar leafst 400 frijwilligers fan it útferkochte festival waard it nije kampanjebyld ûntbleate en brocht sjonger Grymtosk it spesjaal komponearre kampanjeliet foar it ljocht.

“Hjoed is de start fan in grutskalige en langduorjende kampanje. Sûnder frijwilligers(wurk) is it stil yn Fryslân. Dat fertsjinnet erkenning en stimulearring. It plak fan de lansearring is bewust keazen; Oerrock no 25 jier, al jierren útferkocht en droegen troch 1200 frijwilligers. Unyk.", sa seit deputearre Sijbe Knol. Knol sprekt de ferwachting út dat we oan de ein fan dit jier weromsjogge op in geweldige kampanje mei in langjierrich effekt.

Provinsjale kampanje 

It doel fan dizze provinsjebrede kampanje is twaliddich: it wurdearjen fan de hjoeddeiske frijwilligers en it aktivearjen fan nije krêften. Mei dizze ynspanningen wol de provinsje Fryslân har posysje as de nûmer 1 frijwilligersprovinsje behâlde. Underdiel fan de kampanje is in searje wêryn't de Fryske Vlogger ferskate frijwilligers besiket om de wearde en it belang fan harren wurk sjen te litten. De searje is fan septimber ôf te sjen by Omrop Fryslân. Dêrneist kinne ferieningen, organisaasjes en stichtingen personalisearre materialen bestelle fia www.stipe.frl/frijwilligerscampagne