Provinsje Fryslân freget ynwenners hoe't sy aanst wenje wolle
De druk op de Fryske wenningmerk is grut. Der binne mear wenningen nedich yn de doarpen en stêden, mar de romte is beheind. Wachtsje kin net. De kar oer hoefolle, wêr en foar wa't wy bouwe wurket de provinsje út yn It Fryske Wenplan. It leafst yn oparbeidzjen mei de Friezen. Fan ‘t simmer kinne ynwenners meiprate, online fia Stim fan Fryslân en by ien fan de trije wenkafees.
Deputearre Abel Kooistra: "De wenopjefte yn Fryslân is grut en rekket ús allegearre. It giet oer starters dy't gjin hûs fine kinne en oer âlderein dy't passend wenje wol. Dat spilet oeral, yn doarpen én stêden. Dêrom geane wy yn oparbeidzjen mei ynwenners yn petear oer hoe't wy ta goed en takomstbestindich wenbelied komme kinne."
Oer It Fryske Wenplan
Yn It Fryske Wenplan stiet hoe't wy soargje dat der yn Fryslân foar elkenien in goed plak is om te wenjen. Betelbere wenningen, dy't passe by de minsken dy't der wenje. Jong en âld. De provinsje wurket dat út yn ‘e mande mei gemeenten, wenningkorporaasjes en ynwenners. Dêrby binne der karren te meitsjen. Wy wolle mear hûzen bouwe, mar tagelyk ek romte hâlde foar grien en in noflike buert. De ûnderfiningen fan ynwenners helpe om goed te kiezen.
Sa dogge ynwenners mei
Alle ynwenners kinne meiprate oer it wenjen yn Fryslân. Wa't in earste hûs siket, in gesin hat of neitinkt oer in folgjende stap: de provinsje heart dat ferhaal graach. Meiprate kin op twa manieren, online in miening diele fia Stim fan Fryslân en delkomme by ien fan de trije wenkafees. Dêr geane ynwenners yn petear oer wat der nedich is om yn Fryslân goed wenjen te kinnen. De provinsje harket en brûkt de ynbring foar It Fryske Wenplan.
De wenkafees binne op:
- 18 augustus 2026 om 19:00 oere yn Boalsert (Museum de Tijd)
- 24 augustus 2026 om 19:00 oere yn Kollum (Zalencentrum de Colle)
- 25 augustus 2026 om 19:00 oere yn It Hearrenfean ('t Skûtsje)
In miening diele en oanmelde foar in wenkafee kin op www.stimfanfryslan.frl