Provinsjale wurkgelegenheidsenkête 2025

Alle jierren sammelet de provinsje wurkgelegenheidsynformaasje. Hjirfoar wurdt in grut part fan de bedriuwen en ynstellings yn Fryslân oanskreaun.

De útnûging dêrfoar is foar in part skriftlik en foar in part per mail. De provinsje hat Ipsos I&O frege de útset fan de fragelisten te fersoargjen. It provinsjale wurkgelegenheidsregister makket mei de oare provinsjes ûnderdiel út fan it lanlike LISA register. Fan dit jier ôf ûnder de flagge fan de Ynterprovinsjale útfieringsorganisaasje BIJ12.

Aktuele wurkgelegenheidsynformaasje fine jo yn de Staat van Fryslân. De yngong ta in breed palet oan beliedsynformaasje. Dêr fine jo oersichtlike dashboards, ynformative kaarten, factsheets, ûndersiken of monitoaringsrapportaazjes.