Provinsjale subsydzje foar transformaasje fan besteande gebouwen nei wenningen

De provinsje Fryslân stelt €1.000.000,- beskikber foar it transformearjen fan besteande gebouwen nei betelbere wenningen. Sa kin nije wenromte realisearre wurde en krije leechsteande gebouwen in nije funksje. De subsydzjeregeling wurdt 6 april iepensteld.

Eigeners fan gebouwen kinne oant €10.000,- subsydzje krije foar in nij realisearre betelbere hier- of keapwenning mei in maksimum fan €40.000,-. Foar it realisearjen fan saneamde ‘nultreden’-wenningen foar âlderein kinne eigeners fan gebouwen oant €15.000,- subsydzje krije, mei in maksimum €60.000,-.

Deputearre Abel Kooistra: “Der binne noch in soad gebouwen dy’t troch in ferbouwing oanpast wurde kinne foar wenjen. Wy wolle eigeners fan gebouwen dy’t har eardere funksje kwyt rekke binne, stimulearje om der wenningen fan te meitsjen. Sa kinne wy fluch nije wenten realisearje, tichtby besteande foarsjennings.”

Troch de transformaasje fan besteande gebouwen kin fluch en duorsum nije wenromte realisearre wurde. Tagelyk wurdt leechstân en fertutearzjen yn doarpen en wiken tsjingien, wat de leefberens fersterket.

Dêrnjonken ûntstiet flugger passend en tagonklik oanbod fan wenningen foar âlderein. Dêrtroch kinne sy langer selsstannich wenje, tichtby foarsjennings en harren sosjale netwurk. Fierder draacht it by oan de trochstreaming op de wenningmerk: as de âlderein ferhuzet nei in geskikte wenning, dan komme huzen foar húshâldings frij foar nije bewenners en komt de hiele string yn beweging.