Provinsjale hânrikking wetterspitsmûs
Oant no ta ûntbrekke der yn Nederlân aktuele protokollen foar ûndersyk nei wetterspitsmûs en kaders foar toetsing dêrfan. Dit hat foar in soad ûndúdlikens soarge by ekologyske advysburo's. Om rjochting te jaan is der no in provinsjale hânrikking wetterspitsmûs.
Yn opdracht fan provinsje Fryslân is in ûndersyk útfierd nei ferskate metoaden om dizze soart oan te toanen of út te sluten yn in gebiet. Dêrby is de algemien akseptearre standert ûndersyksmetoade mei ynrinfallen ferlike mei trije resint ûntwikkele metodiken, nammentlik: cameravallen in zogenaamde struikrovers® en ‘environmental DNA’ (eDNA) op basis van bodem- en watermonsters. Dat hat as basis fungearre foar it ûntwikkeljen fan in provinsjale hânrikking mei ûndersyksprotokol foar it ynventarisearjen fan de wetterspitsmûs.
Yn 'e hânrikking wurde kaders oanrikt foar de minimale ûnderfining fan de ûndersiker, rânebetingsten foar ûndersyksmetoaden en in minimale ûndersyksynspanning

Hânrikking wetterspitsmûs
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.