Promoasje Frysktalige boeken
Dizze regeling is sletten.
Skriuwers, útjouwers en oaren mei doel oer it promoatsjen fan Frysktalige boeken kinne fan 23 jannewaris 2023 ôf oant en mei 28 septimber 2023 subsydzje oanfreegje. It subsydzjeplafond(eksterne keppeling) is € 16.000.
Hichte fan it subsydzje
It subsydzje bedraacht de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 3.000,-.
Kosten foar de útjefte fan in boek komme ûnder dizze regeling net yn ’e beneaming foar subsydzje. It giet ús benammen om de kosten dy’t jo meitsje foar it promoatsjen fan in Frysktalich boek of in searje Frysktalige boeken.
Betingsten
De betingsten dy’t jilde, binne te finen yn paragraaf 2.4 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân(eksterne keppeling).
Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje?
Yn de perioade fan iepenstelling ûndersteand oanfraachformulier graach fia de post opstjoere of by de baly fan it provinsjehûs delbringe. Der moat al in projektplan by dêr’t helder yn beskreaun wurdt wat jo foarinoar bringe wolle en hoe’t jo dat oanpakke sille.
Yn it projektplan wolle wy graach in taljochting lêze op:
- de promoasje-aktiviteiten;
- jo motivaasje om de promoasje-aktiviteiten te organisearjen;
- de resultaten dy’t jo der fan ferwachtsje;
- hoksoarte fan ekstra publisiteit jo ferwachtsje;
- jo ûnderfinings mei it organisearjen fan promoasje-aktiviteiten;
- de plenning fan it tariedende wurk.
Mear ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei provinsje Fryslân op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.