By in projektsubsydzje is it te rêden om in aktiviteit-foar-ien-kear, dy’t nei syn aard tydlik is. De grûnslach foar it oanfreegjen fan dat subsydzje leit yn ’e begrutting fan 'e provinsje Fryslân. In subsydzje oanfreegje kin allinne as jo organisaasje neamd wurdt op ’e subsydzjesteat yn ’e provinsjale begrutting.

Betingsten

De betingsten foar it jaan fan it subsydzje binne te finen yn ’e ASV(eksterne keppeling).

Subsydzje oanfreegje

Stiet jo organisaasje mei de namme en it op syn meast beskikbere budzjet yn ’e programmabegrutting en jo wolle subsydzje oanfreegje? Brûk dan it oanfraachformulier projektsubsydzje.

Foar it ynfoljen fan it e-formulier projektsubsydzje moatte jo eHerkenning (informatie over eHerkenning) brûke.

Nim kontakt op mei ús Klantkontaktsintrum (KKS) as jo eHerkenning net brûke kinne. Dat kin fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.

Freegje subsydzje oan

Behanneling oanfraach

De wetlike behanneltermyn fan in projektsubsydzje-oanfraach is 13 wiken.

Wizigings

Wizigings wat jo oanfraach oanbelanget moatte jo altyd trochjaan. Dat jildt foar it feroarjen fan aktiviteiten, hoelang’t saken duorje en it ferdielen fan kosten. Dy wizigings moatte jo sa gau as ’t kin trochjaan, mar yn alle gefallen 2 wiken nei’t se by jo bekend binne.

Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.