Opwurdearring entreegebiet Joadske Begraafplak De Lemmer
By De Lemmer set tiisdei 26 maaie it wurk útein oan it entreegebiet fan it Joadske begraafplak Tacosyl. Ut it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) wei wurde de parkeargelegenheid, de tagongsdyk en it stek oanpakt. VFIJ wurket yn it projekt by De Lemmer gear mei de provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en Stichting Joodse Begraafplaats Tacozijl. De wurksumheden duorje sa'n 8 wiken en wurde útfierd troch oannimmer WMR út Rinsumageast. Under de wurksumheden wurdt gjin oerlêst ferwachte foar it trochgeande ferkear.
Yn 'e hjoeddeiske situaasje is de tagong nei it histoarysk begraafplak beheind ta in betonnen trep. Om fytsers, kuierders en automobilisten romme en feilige tagong te jaan, wurdt der in nije tagongsdyk oanlein fia it terrein njonken it begraafplak. Eigener fan dy grûn, Wetterskip Fryslân, wurket dêr graach oan mei. De dyk wurdt yn in bocht nei ûnderen oanlein fan de âlde seedyk ôf, wêrnei't men op it nije parkearterrein en it begraafplak ôfrydt. It parkearterrein wurdt markearre troch grutte rûne stiennen; in ferwizing sawol nei in iuwenâld Joadsk gebrûk om stiennen op grêven te lizzen as nei de balstiennen dy't yn de iistiid yn Gaasterlân telâne kaam binne. It besteande stek om it begraafplak hinne wurdt foar in part ferfongen troch in nij stek mei spilen en in draaipoarte dy't tagong jout ta it begraafplak.
Oer it Joadske begraafplak Tacosyl
It begraafplak by it buorskip Tacosyl leit fuort ûnderoan de eardere seedyk, tusken De Lemmer en Sondel/Nijemardum. It begraafplak is oanlein yn 1802. Nei't it begraafplak yn ferfal rekke, besleaten in pear belutsen Lemster ynwenners harren yn 1986 yn te setten foar it opknappen fan dit histoarysk plak. Sy rjochten in stichting op mei as doel it swier fertutearze begraafplak te restaurearjen. Dy restauraasjewurksumheden waarden yn 1990 ôfsletten. It reguliere ûnderhâld wurdt fersoarge troch Stichting Joodse Begraafplaats Tacozijl. Eigener fan it begraafplak is it Nederlands-Israëlitisch Kerkgenootschap.