Omjouwingsoardering Fryslân
Tredde wizigingsferoardering
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat op 7 oktober 2025 it ûntwerp fan de tredde wizigingsferoardering Omgevingsverordening Fryslân 2022 (hjirnei: Derde Wijzigingsverordening) fêststeld. Ynwenners, organisaasjes en oare oerheden koene oant en mei 24 novimber 2025 reagearje op de foarstelde oanpassingen troch it yntsjinjen fan in sjenswize. Wy hawwe in gearfetting makke fan de ûntfongen sjenswizen. Dêryn stiet ek hokker eventuele oanpassings dêrtroch makke binne yn de Tredde Wijzigingsferoardening. De reaksjenota kinne jo hjir fine.
Provinsjale Steaten nimme op woansdei 25 maart 2026 in beslút oer de fêststelling fan de Tredde Wizigingsoardering. Dêrfoar fine de folgjende gearkomsten plak dêr't jo by wêze kinne en jo miening jaan kinne.
Steatemerk 4 maart 2026 16:30 - 17:30 oere
De Steatemerk is op woansdei 4 maart 2026 fan 16:30 oant 17:30 oere yn it Provinsjehûs (Tweebaksmarkt 52, 8911 KZ Leeuwarden). Op de Steatemerk binne de belutsen amtners oanwêzich om in taljochting te jaan op de Tredde Wizigingsferoardering en de reaksjenota. Steateleden en ynteressearren kinne op de Steatemerk fragen stelle oan de oanwêzige amtners. It doel fan de Steatemerk is dat steateleden in byld krije fan wat ynwenners en organisaasjes yn Fryslân fan in bepaald ûnderwerp fine.
Opjaan as oanwêzige
Jo binne fan herte wolkom op'e Steatemerk. Wolle jo hjirby wêze? Meld jo dan oan fia: statengriffie@fryslan.frl of fia 058 - 292 89 96. Dizze gearkomste wurdt net digitaal útstjoerd.
Steatekommisjegearkomste 4 maart 2026 19:00 – 21:30 oere
Op woansdei 4 maart 2026 fan 19:00 oant 21:30 oere fynt de kommisjegearkomste fan provinsjale steaten yn it Provinsjehûs plak. Yn de kommisjegearkomste leit de klam op byldfoarming. Dat betsjut dat steateleden goed ynformearre wurde sadat se harren miening foarmje kinne oer de Tredde Wizigingsferoardering. Eventueel kinne de Steateleden nei de byldfoarmjende besprekking moasjes en amendeminten oankundigje.
Yn dizze gearkomste kinne jo gebrûk meitsje fan it sprekrjocht en mûnling jo miening jaan oer de Tredde Wizigingsoardering (3 minuten sprektiid de sprekker).
Oanmelde as oanwêzige, ynsprekker of folgje fia provinsjale webside
Jo binne fan herte wolkom by de kommisjegearkomste. Wolle jo derby wêze en/of gebrûk meitsje fan it sprekrjocht foar de Tredde Wizigingsoardering? Meld jo dan oan fia: statengriffie@fryslan.frl of 058 - 292 89 96. De gearkomste is ek digitaal te folgjen.
Beslútfoarmjende Steategearkomste 25 maart 2026 fan 10:00 oere ôf
It definitive beslút oer de tredde wizigingsferoardering nimme provinsjale steaten by de Steategearkomste op woansdei 25 maart 2026 (begjin 10:00 oere). Jo kinne de steategearkomste folgje as oanwêzige yn it Provinsjehûs of fia de webside, mar jo kinne dan net mear ynsprekke. Provinsjale Steaten en deputearre steaten prate dan mei-inoar oer dit ûnderwerp.
Oanmelde as oanwêzige of folgje fia provinsjale webside
Jo binne fan herte wolkom by de Steategearkomste. Wolle jo hjirby wêze? Meld jo dan oan fia: statengriffie@fryslan.frl of 058 - 292 89 96. De steategearkomste is ek digitaal te folgjen.
De foarstelde tekst fan de Tredde Wizigingsoardering kinne jo hjir rieplachtsje. Ek is in konsolidearre ferzje fan de omjouwingsferoardering en de taljochting opsteld. Hjiryn is mei kleur oanjûn hokker wizigingen foarsteld wurde.
Ynhâld
De Omjouwingsferoardening Fryslân 2022 (hjirnei: Omjouwingsferoardening) is op 1 jannewaris 2024 yn wurking gien. Hjiryn stean alle regels foar de fysike leefomjouwing. Wy stelle foar om de Omjouwingsferoardening op in tal ûnderdielen oan te passen. De oanpassings gean benammen oer omjouwingskwaliteit, guozzebelied, lytsskalige rekreaasje en stiltegebieten. Dêrneist binne in tal korreksjes en ferdúdlikingen yn de wizigingsoardering opnommen.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.