Omjouwingsoardering Fryslân 2022

De Omjouwingsferoardening Fryslân 2022 (hjirnei: Omjouwingsferoardening) is op 1 jannewaris 2024 yn wurking gien. Hjiryn stean alle provinsjale regels foar de fysike leefomjouwing fan de provinsje Fryslân. Dizze regels geane ûnder oare oer natuer, wenjen, lânbou, kultureel erfgoed, (far)wegen, wetter en duorsume enerzjy. 

Dy regels passe wy oan út ûnderfiningen yn de praktyk en ek om nij belied útfiere te kinnen. Dêrom wizigje wy fan tiid ta tiid ûnderdielen fan de Omjouwingsferoardening. 

De aktuele ferzje fan de Omjouwingsferoardering kinne jo hjir rieplachtsje.

Tredde wiziging Omjouwingsoardering 

Provinsjale Steaten hawwe op 25 maart 2026 de tredde wizigingsferoardering Omjouwingsferoardening Fryslân 2022 fêststeld. Dêrmei binne ûnderdielen fan de Omjouwingsferoardening op it mêd fan omjouwingskwaliteit, guozzebelied, lytsskalige rekreaasje en stiltegebieten wizige. Dêrneist binne in tal korreksjes en ferdúdlikingen yn de wizigingsoardering opnommen. Dizze tredde wizigingsferoardering kinne jo hjir fine.