De subsydzjeregeling foar it oersetten fan literatuer is iepen fan 22 jannewaris 2024 oant en mei 31 maaie 2024 (earste iepenstelling) en fan 6 septimber 2024 oant en mei 18 oktober 2024 (twadde iepenstelling). It subsydzje hat te’n doel om it oersetten fan Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen. It subsydzjeplafond(eksterne keppeling) is € 18.000,- foar de earste iepenstelling en € 18.000,- foar de twadde iepenstelling.

Op grûn fan dizze regeling kinne útjouwers en organisaasjes dy’t harren foar it measte part dwaande hâlde mei de Fryske taal of dy’t as streektaalorganisaasje tsjinje subsydzje oanfreegje foar: 

  • it oersetten fan Frysktalige boeken yn in oare taal of Fryske streektaal;
  • it oersetten fan boeken yn de Fryske taal;
  • it oersetten fan in manuskript fan in noch net ferskynd boek nei it Frysk;
  • It redigearjen of taalkundich ferbetterjen fan nij Fryske fiksje of non-fiksje.

Toanielstikken

Op grûn fan dizze regeling is it ek mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it oersetten fan in toanielstik yn de Fryske taal. In oanfraach kin dan yntsjinne wurde troch in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech dy’t foar it grutste part rjochte is op toaniel, bygelyks in toanielferiening.

Fryske streektalen

Neist it oersetten nei it Frysk is de regeling ek ornearre foar oersettings nei in yn Fryslân aktyf brûkte Fryske streektaal, sa as bygelyks it Biltsk of it Hylpersk.

Betingsten

Lês de regeling earst troch om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.2 fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân 2024(eksterne keppeling).

Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje?

Jo kinne digitaal in oanfraach yntsjinje troch ûndersteand formulier yn te foljen. It formulier ûndertekenje jo mei e-Herkenning. Nim kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân as jo gjin gebrûk meitsje kinne fan e-Herkenning. Dit kin fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.

Oanfraachformulier Subsydzjeregeling Oersetten en bewurkjen fan literatuer

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.

Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.