Op ferskate plakken yn Fryslân rinne deimen los om. Lykas by Oranjewâld/Ketlik, Dokkum, de Lauwersmar en Elslo. De populaasjes groeie en soargje somtiden foar ûnfeilige situaasjes op de dyk, benammen yn it gebiet Oranjewâld/Ketlik en omkriten. Dat is omdat se somtiden ûnferwachts de dyk oerstekke wêrby't der in kâns is dat se oanriden wurde.

Een damhert loopt over de weg. Op de achtergrond staat een persoon.

Oerlêst melde 

Hawwe jo oerlêst fan deimen? Dan hearre we dat graach! Jo kinne oerlêst melde fia ûndersteande knoppen. De Faunabeheereenheid hâldt dizze meldingen by. Troch melding te dwaan fan skea en oerlêst helpt jo Faunabeheereenheid en de provinsje in goed byld te krijen fan de situaasje. Dat is nedich foar it meitsjen fan in plan foar it behear fan de deimen. 

Meld in dea bist of oanriding

Meld in dea bist

Meld oare oerlêst, bygelyks: skea oan jo tún, oan in bosk of oan gewaaksen. Of in gefaarlike situaasje op de dyk.

Meld oare oerlêst

Skea en oerlêst troch oare diersoarten 

Jo kinne troch dizze knoppen oerlêst en skea troch deimen melde, mar ek fan oare soarten lykas reeën, stienmurden en krieën. Dat jildt ek foar it melden fan in dea bist.

Behear damherten yn gebiet om Ketlik en Oranjewâld hinne 

De ôfrûne jierren is it tal deimen yn it gebiet om Ketlik, Mildaam en Oranjewâld hinne flink groeid. Yn de maitiid fan 2025 binne der 839 teld. Mei de berte fan de nije keallen derby, binne it nei skatting goed 1000 op dit stuit. Dit soarget foar gefaar op de dyk, omdat de bisten faak ûnferwachts oerstekke, wat geregeld liedt ta oanridings. 

Der binne ferskate maatregels troffen om gefaarlike situaasjes en oerlêst op de dyk te beheinen. Bygelyks it pleatsen fan dynamyske warskôgingsbuorden en in snelheidsbeheining. Dat hat it probleem net genôch oplost. De groep deimen groeit hurd en de provinsje wol ûngelokken op de dyk safolle mooglik foarkomme. 

Dêrom hat de provinsje yn it neijier fan 2024 oan de Faunabeheereenheid in fergunning jûn om de groei fan de populaasje yn dit gebiet te remjen, mei ôfskot. Ek krige de Faunabeheereenheid tastimming foar ôfskot fan sike of ferwûne deimen om ûnnedich lijen foar te kommen. Dat jildt foar hiel Fryslân. 

Update behear 

Tsjin it beslút om de Faunabeheereenheid in fergunning te jaan, binne inkelde beswieren en in foarriedige foarsjenning yntsjinne. De foarsjenningerjochter oardiele yn febrewaris 2025 dat de ûnderbouwing fan de fergunning noch net genôch wie. Dat jilde allinnich foar it populaasjebehear (it beheinen fan de groei fan de populaasje deimen om Ketlik en Oranjewâld) hinne. It ôfskot fan sike of ferwûne deimen om lijen foar te kommen, mocht wol úteinsette. 

Nei oanlieding fan de útspraak fan de foarsjenningerjochter hat Deputearre Steaten (DS) de fergunning foar damhertbehear ynlutsen en ferfongen troch in nij beslút. Yn augustus 2025 hat de beswierskriftekommisje oardiele dat de provinsje de nije fergunning om de goede redenen ferliend hat en advisearre DS om de beswieren ûnbegrûne en/of net ûntfanklik te ferklearjen. GS hat besletten dat advys oer te nimmen. De partijen dy't beswier yntsjinne hawwe, hiene noch wol de mooglikheid om yn berop te gean en eventueel dêrby in foarriedige foarsjenning oan te freegjen. Der is wol berop ynsteld, mar gjin foarlopige foarsjenning oanfrege. Dat betsjut dat de útfiering fan it behear fan de deimen no - fan 10 oktober ôf -  úteinsette kin. Wannear't it berop behannele wurdt, is op dit stuit noch net dúdlik.

Fragen? 

Hawwe jo fragen oer de fergunning of it behear fan deimen? Nim dan kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl of 058 - 292 59 25.

Fragen en antwurden behear deimen

Wêrom is it nedich om deimen te behearen?

Deimen komme fan natuere net foar yn Fryslân. De harten dy't der no omrinne binne ûntsnapt út hartekampen en/of op in oare wize yn'e natuer telâne kommen. De bisten plantsje harren yntusken fuort yn de frije natuer en moatte beskôge wurde as wylde fauna. Deimen binne konform de wet beskerme lânseigen bisten. 

Deimen hawwe hjir amper natuerlike fijannen en plantsje har fluch troch wêrtroch't de populaasje groeien bliuwt. De grutte oantallen deimen soargje foar gefaarlike situaasjes op de dyk, se stekke bygelyks op ûnferwachte mominten oer. Benammen yn de hjerst, as de brûnstiid is én it earder tsjuster wurdt, kin dat foar gefaarlike situaasjes en oanridings soargje. Dy oerlêst wolle wy graach beheine, sadat it feilich bliuwt op de dyk. 

Los fan de gefaarlike situaasjes op de dyk soargje de deimen ek foar oare foarmen fan oerlêst. Sa ite se fan lânseigen planten, strûken en beammen, mar ek fan lânbougewaaksen en út tunen fan omwenners. Dy skea leit net te'n grûnslach oan it beslút ta ôfskot, mar sil de kommende jierren goed monitoard wurde. 

Wat is der earder al dien om oerlêst troch deimen te beheinen?

Der binne ferskate ûndersiken dien om te sjen yn hokker mate deimen oerlêst of gefaarlike situaasjes op de dyk feroarsaakje. Sa hawwe wy bygelyks dynamyske warskôgingsbuorden (foar oerstekkende deimen en reeën) lâns de Schoterlandsewei (N380) pleatst en binne der mottobuorden pleatst om minsken te warskôgjen. Ek binne snelheidsbeheinende maatregels naam. Fierder binne der bygelyks ûndersiken dien nei de effekten dy't deimen op beammen en strûken en oare planten en bisten hawwe. Sjoch ûnderoan dizze side. 

Hoe sit it mei beswier en berop by dizze fergunning?

Tsjin it beslút om de Faunabeheereenheid in fergunning te jaan, binne inkelde beswieren en in foarlopige foarsjenning yntsjinne. De foarsjenningerjochter oardiele yn febrewaris 2025 dat de ûnderbouwing fan de fergunning noch net genôch wie. Nei oanlieding fan dy útspraak hat Deputearre Steaten (DS) de fergunning foar damhertbehear ynlutsen en ferfongen troch in nij beslút. Yn augustus 2025 hat de beswierskriftekommisje oardiele dat de provinsje de nije fergunning om de goede redenen ferliend hat en advisearre DS om de beswieren ûnbegrûne en/of net ûntfanklik te ferklearjen. GS hat besletten dat advys oer te nimmen. 

De partijen dy't beswier yntsjinne hawwe, hiene noch wol de mooglikheid om yn berop te gean en eventueel dêrby in foarlopige foarsjenning oan te freegjen. Der is wol berop ynsteld, mar gjin foarlopige foarsjenning oanfrege. De rjochtbank besjocht by de sitting en de beoardieling fan it berop oft de fergunning wol of net stânhâldt. Wannear't it berop behannele wurdt, is op dit stuit noch net dúdlik. De útfiering fan it behear hoecht net te wachtsjen oant de behanneling fan dit berop, wat betsjut dat it behear no fan 10 oktober ôf úteinsette kin.

Wannear fynt it ôfskot plak? Hokker perioade en hokker tiden?

It ôfskot mei wêze fan twa oeren foar sinne-opkomst oant twa oeren nei sinneûndergong. It behear wurdt benammen útfierd yn de skimer en op oare mominten wannear't der net in soad foarbygongers, rekreanten en minsken dy't hûnen útlitte binne. Yn praktyk sil in behearder it bosperseel ferlitte wannear't de earste kuierders de bosk yn geane. 

De ôfskot perioade foar de manlike bisten is it hiele jier rûn en foar de hindes en keallen is der yn de kreamperioade in skoantiid, tusken 31 maart en 1 septimber meie der gjin hindes en keallen sketten wurde. 

Wa fiert it ôfskot út?

Dat binne de jagers/behearders dy't in jachtakte hawwe (in fergunning fan in floara- en fauna aktiviteit) fan de Wildbeheereenheid Aengwirden-Schoterland en dy't de ‘module damhert’ folge hawwe (dy't giet oer feilichheid en fersteuringsfrij behear fan deimen). Dizze minsken hawwe jierren ûnderfining en hawwe foar it krijen fan de jachtakte in lanlike oplieding folbrocht. De jachtaktehâlders brûke de machtiging yn har eigen jachtfjild of op terreinen dêr't se in grûnbrûkersferklearring foar yn har besit hawwe. Hja kenne dizze terreinen it bêste en witte hoe't de bisten har der gedrage en wat der yn de omjouwing spilet. 

Hoefolle deimen moatte der sketten wurde om de populaasje te beheinen?

De Faunabeheereenheid besjocht hoefolle deimen oft der sketten wurde moatte om de omfang en groei fan de populaasje te beheinen. Der meie 250 bisten yn it jier sketten wurde. 

Hoefolle deimen rinne der op dit stuit om?

Yn de maitiid fan 2025 binne der 839 deimen teld. Yntusken binne der nije kealtsjes berne en sille dat der mear wêze, nei skatting goed 1000. 

Bliuwe der noch wol deimen oer yn it gebiet?

Der bliuwe seker noch deimen yn it gebiet rinnen. It doel fan dy fergunning is om de populaasje te stabilisearjen, wat betsjut dat de populaasjeomfang net lytser wurde sil.

Wurde de deimen samar ôfsketten of wurdt der ek sjoen nei watfoar deim it is? (siik/ferwûne, mantsje/wyfke/jong)?

Underdiel fan de fergunning is dat sike of ferwûne deimen ôfsketten wurde meie om se út harren lijen te ferlossen. Dy bisten sille ôfsketten wurde as troch de falwildafhanneler beoardiele wurdt dat dat needsaaklik is. Allinnich sike en ferwûne bisten ôfsjitte is net genôch om de populaasje te beheinen. Dêrom wurdt dêrneist ynset – benammen yn de earste jierren – op ôfskot fan hinden (froulike deimen) en har keallen. Sadree't dy oantallen wat ôfnaam binne, wurdt ek ynset op ôfskot fan de manlike deimen. 

Wat bart der mei de deimen nei it ôfskot?

De sûne deimen dy't sketten binne, wurde safolle as mooglik foar konsumpsje brûkt. 

Hoe sit it mei oare gebieten yn Fryslân? Wurde dêr ek deimen deamakke om de populaasje te beheinen?

Nee, yn oare gebieten is dat net it gefal. Dêr binne minder oanridings mei deimen as yn it gebiet Ketlik-Oranjewâld.

Wol is it sa dat de Faunabeheereenheid en de Wyldbehearienheden in fergunning hawwe om deimen dy't ferwûne of siik binne út harren lijen te ferlossen en ôf te sjitten. Dat jildt foar hiel Fryslân. 

Hoe soargje de jagers derfoar dat it feilich bliuwt yn de omjouwing?

Alle jagers dy't ôfskot plege yn dit gebiet moatte in training ('module damhert') folge hawwe. Dy is ûnder oare rjochte op feiligens. By it sjitten nimt de jager hieltyd in tige romme feilichheidsgrins yn acht oangeande bygelyks minsken, hûnen en fee. De jager sjit net as er net absolút wis is dat er it skot feilich nimme kin. 

Kin ik gewoan kuierjen bliuwe yn'e bosken en it bûtengebiet yn'e tiid dat der sketten wurdt?

Jo kinne gewoan kuierjen bliuwe yn it bûtengebiet. De jagers hâlde yn de gaten wannear't der minsken yn it gebiet kuierje. Is dat it gefal, dan sille se gjin ôfskot plege oant it wer rêstich is yn dat gebiet. 

Wat is elkenien syn rol yn it behear fan deimen?

De provinsje is ferantwurdlik foar it meitsjen fan belied en it ferlienen fan fergunningen foar it behear fan deimen. De Faunabeheereenheid Fryslân docht de útfiering fan dat belied. Dat dogge se op basis fan in faunabehearplan. Oan sa'n plan foar it behear fan deimen foar langere tiid, wurdt wurke. De útfiering dêrfan leit by de Wbe. 

Wêr kin ik oerlêst fan deimen of in oanriding mei in damhert melde?

Dat kin streekrjocht fia de webside fan de FBE: https://fbefryslan.nl/meld-schade-of-overlast/ of fia de knoppen op dizze side. 

Wêr kin ik telâne as ik oare fragen ha?

Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân: 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl.