Oannommen moasje inisjatyffoarstel
It lêste beslút fan 2025 fan Provinsjale Steaten fan Fryslân wie: ynstimme mei de moasje, dy't foarsjocht yn de nedige finânsjes foar de útfiering fan it Inisjatyffoarstel ‘Nei in skjinne en sûne leefomjouwing’ oant 2030. Dit barde op woansdei 17 desimber 2025 en it wie dus de lêste moasje fan dit jier, foardat de Fryske steateleden mei Kersreces gean koene.
Mei de oannommen moasje sille wy mei ferskate partijen wurkje oan in ferfolch fan de útfiering. Dat dogge wy ûnder it al besteande programma Deltaplan Agrarisch Waterbeheer (DAW). Dêrmei hoopje wy noch mear draachkrêft en impact te realisearjen as yn'e earste faze it gefal al ûntstie.
Mei de moasje is keazen foar in ferfolch neffens opsje 1 fan de Tussenevaluaasje.
Dy opsje jout omtinken oan alle earder keazen doelgroepen, nammentlik de Fryske húshâldens en bedriuwen. En dêrneist ek wer eksperimintearromte foar de lânbou.
Yn it beëage ferfolch sille provinsje en Wetterskip Fryslân tegearre oplûke, fia it programma Deltaplan Agrarisch Waterbeheer. By dit programma stjoert ek LTO Noord oan en fiert it mei út.
Yn it begjin fan 2026 pakke neamde partijen as earste op: de útwurking fan opsje 1 fan de Tussenevaluaasje en it ûnderbringen dêrfan yn it Deltaplan Agrarysk Wetterbehear (DAW). Dat sil de provinsje tegearre mei it Wetterskip Fryslân dwaan en ôfstimme mei de organisaasje fan DAW.