Oankeap natuer oantrekliker foar brede doelgroep

De oankeap fan provinsjaal ynrjochte natuergrûnen is makliker en tagonkliker makke. Sa ûntsteane der foar in bredere doelgroep gelikense kânsen om by te dragen oan behâld en fersterking fan natuerwearden. Yn de nije oanpak krijt it bêste ynrjochtings- of behearplan net mear automatysk de gunning. Kandidaten moatte fan no ôf foldwaan oan minimale easken foar ynrjochting en behear. En wa't dat docht en it heechste bod útbringt krijt de gunning. De nije oanpak leit fêst yn it ‘Utfieringskader natuer 2026’.  

Deputearre Matthijs De Vries: “Troch it fersimpeljen fan regels en prosedueres stimulearje wy foar in bredere doelgroep de oankeap en ûntwikkeling fan natuer(wearden). Dêrmei biede wy de mienskip nije en gelikense kânsen om natuer ek as partikulier of boer te behearen en te fersterkjen.” 

Legere drompel en gelikense kânsen foar in bredere doelgroep 

Mei it nije belied wurdt de drompel om natuergrûn oan te keapjen leger. Partikulieren, boeren en terreinbehearende organisaasjes kinne meidwaan oan de ferkeap, salang't sy foldogge oan de minimale easken foar natuerbehear. Dêrmei ûntstiet romte foar ferskate partijen om ferantwurdlikheid te nimmen foar natuergebieten en by te dragen oan it behâld en de fersterking fan natuerwearden. 

Foar boeren kin natuergrûn dêrneist bydrage oan it ûnderdiel Ecoregeling fan it Mienskiplik Lânboubelied (GLB). De Ekoregeling beleannet boeren dy't bydrage oan ûnder oare klimaat, boaiem, wetter, lânskip en bioferskaat. Ek foar natuerorganisaasjes en terreinbehearders wurdt de oankeap en it behear fan natuer hjirmei ienfâldiger en dêrmei oantrekliker. 

Earste natuergrûnen ûnder nije betingsten te keap

In pear wiken lien binne de earste natuergrûnen ûnder de nije betingsten yn de ferkeap gien. Belangstellenden kinne de beskikbere grûnen en de betingsten besjen fia  www.fryslan.frl/tekoop.