Nij Frysk grûnplan jout positive ympuls oan gebietsprosessen en sterkere lânbou
Fryslân is de lânbouprovinsje fan Nederlân. Dat is generaasjes lang opboud en kinst sjen ast om dy hinne sjochst. De kommende jierren spylje der grutte opjeften yn lânbou, natuer, wetter en klimaat. Grûn is faak de ûntbrekkende skeakel om dêr oplossings yn foarinoar te krijen. Fia it nije grûnplan 'Grûn foar in werkenber Fryslân' wol Deputearre Steaten (DS) mear beweging yn de grûnmerk krije. De kommende jierren sil de provinsje dêrom twa - oant trije kear mear grûn oankeapje, ruilje en ynsette. Doel; in sterkere en takomstbestindige lânbou en it bieden fan grûn as ûntbrekkende skeakel yn opjeften foar lânbou, natuer, wetter en klimaat.
Deputearre Eke Folkerts: “De lânbou krijt mei dit nije plan in mear lykweardige posisjonearring yn it krêftefjild fan de grûnmerk”. Dat stimulearje wy as provinsje troch de kommende jierren in aktivere rol op 'e grûnmerk yn te nimmen. Sa kreëarje wy beweging yn 'e merk en jouwe wy mei partners in positive ympuls oan gebietsprosessen. Want alles en elkenien is ‘ferbûn troch grûn’.”
Grûn faak ûntbrekkende skeakel yn oplossingen lânbou, natuer, wetter en klimaat
It grûnplan wurket yn de praktyk bygelyks sa. De provinsje keapet in perseel dat ruilgrûn wurdt foar in boer yn feangreidegebiet. De grûn fan de boer dy't frijkomt is in ûntbrekkende skeakel yn in wichtige natuerferbining. Mei dizze oanpak is it resultaat dat wy de lânbou fersterkje, de feangreideproblematyk oanpakke, bouwe oan it Natuernetwurk Nederlân en de stikstofútstjit ferminderje.
Budzjet kommende twa jier €54 miljoen foar oankeap 670 bunder (ruil)grûn
It nije grûnplan is in ferfolch op it grûnbelied út 2020. It plan is opsteld op fersyk fan Provinsjale Steaten (PS) en slút oan op de Lânboubrief 2025, Healweis weromsjen Natuur Netwerk Nederland 2026 en de provinsjale omjouwingsfisy (POVI). It plan jout romte om de earste twa jier € 54 miljoen te ynvestearjen yn de oankeap fan 550 hektare agraryske (ruil)grûn foar NNN, feangreide, stikstof & natuerherstel en de lânbouhaadstruktuer (LHS). Dêrneist kin der 120 hektare oankocht wurde foar de (frijwillige) ferpleatsing fan lânboubedriuwen. Foar de perioade dêrnei kinne op 'e nij karren yn doelen, fasearring en ynvestearringen makke wurde.
It is oan Provinsjale Steaten om it nije grûnplan fêst te stellen. Dit stiet plan op 25 novimber 2026.